Springe nei ynhâld

Tsjalke Meijnes

Ut Wikipedy

Tsjalke (Tzialke) Meijnes (berne yn 1515) wie grytman fan Doanjewerstâl. Yn 1582 folge hy Marten Hamkes op as grytman fan Doanjewerstâl.

Yn 1582 wie Meijnes folmacht op de Lândei. Yn dat jier krige hy fan Deputearre Steaten de opdracht om op te jaan wat elk doarp fan Doanjewerstâl betelle hie oan de kriichsbinde fan de Hear fan Nijenoord. Nijenoard hie dêr earder dat jier legere west fan 27 febrewaris oant 7 maart. Meijnes ferklearre dat it bedrach foar de hiele gritenij, bûten Langwar dat twa findels soldaten ûnderhâlde moatten hie, f 5413 twa stuorren en trije oartsens bedroech. Nijenoard krige in bestraffing en de opdracht om tenei in bettere kriichstucht te hâlden.

Yn 1584 waard Tsjalke as grytman opfolge troch Auke Reinalda.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hobbe Baerdt van Sminia - Nieuwe naamlijst van grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795