Springe nei ynhâld

Oartsen

Ut Wikipedy
1653 Oartsen, Seelân. Koper.

In oartsen is in Nederlânsk muntsje fan in fearn stoer of twa duiten. Yn de Midsiuwen yn sulver, mar sûnt 1574 yn koper slein. Allinnich yn Fryslân waarden yn de 17e iuw neist duiten noch in protte oartsen slein, mei it oan de eardere útfier yn sulver herinnerjende omskrift: Zilveren munt van de Staten van Friesland.

De belestingpachters moasten sûnt 1590 fan elke barde gûne fan de pachtsom in stoer betelje: de oartsenjilden. Dêr waard in 'blank' ( sawat 3½ sint ) fan ôflutsen ta dekking fan de ferpachtingskosten, sadat der oardel sint (in oartsen) oerbleau. Dy oartsen kamen de earmen tegoede. Tusken tsjerkefâden as fersoargers fan de algemiene earmen en diakens wie hjiroer faak striid, dy't de diakens meast ferlernen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: