Marius de Boer
Marius de Boer | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Marius de Boer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 jannewaris 1961 | |
berteplak | Stiens | |
stoarn | 28 maaie 2023 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop Rock | |
sjongtaal | Frysk | |
grutste hit(s) | Marije Maria | |
jierren aktyf | jieren 70 - 2023 |
Marius de Boer, as Mariusz (Stiens, 19 jannewaris 1961 - Ljouwert, 28 maaie 2023) wie in Frysk sjonger en benammen bekend as sjonger en tekstskriuwer fan de band Reboelje.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei in tal jierren klassike pianoles keape er op syn sechtjinde in elektryske gitaar. Hy wie slach- en sologitarist en wie boppedat sjonger by de New Waveband Elected. Nei syn HTS-stúdzje (Ferkearstechnyk) ferhuze De Boer nei Assen. Hy krige dêr wurk as akoestysk adviseur. Hy begûn doe ek te skriuwen, mei as earste de bondel 'De Dreade Man'. Dy waard nea útjûn, mar wie wol de basis foar syn skriuwen foar Reboelje. De earste albums fan Reboelje: 'Skepper fan de Skepper' en 'Magysk Theater' (basearre op it boek Steppewolf fan Hermann Hesse) makken yndruk. It nûmer 'Sielesiik' fan Mariusz waard mei troch stipe fan Henk Westbroek en Jan Douwe Kroeske in Nederlânske culthit.
Reboelje krige gjin platekontrakt oanbean en Mariusz begûn mei it eigen platelabel Marista, ornearre foar regionale artysten. Reboelje trede in soad op, lykas twa kear op Noarderslach en foar in '2 Meter Sessy' by Jan Douwe Kroeske. Yn 1995 skreau er it konsept foar it teäterstik 'De Brulloft'. Yn dat totaalteäterstik waard by in echte brulloft it tema 'ynsest' op it aljemint brocht. It stik sloech sa oan dat Mariusz yn 1996 de Berlefpriis wûn. Yn 2003 hold Reboelje op te bestean.
As Marius yn 2005 oerhelle waard om as singer/songwriter oan in benefytkonsert mei te dwaan, makke er lykwols dochs wer muzyk. Diskear ûnder de namme Mariusz. As pianist/gitarist ûntwikkelet Mariusz - live stipe troch sequenzer - in unike singer/songwriter sound basearre op pop en underground. Hy skreau doe ek yn it Stedsfrysk. Syn earste single wie 'Spyt', dy't daliks de Fryske Top 100 fan alle tiden ynkaam. It Reboeljenûmer 'Marije Maria' waard yn dy list fan 2004 oant en mei 2007 keazen ta bêste Fryske nûmer fan alle tiden.
Marius de Boer ferstoar op 28 maaie 2023, yn 'e aldens fan 62 jier, nei in koart siik wêzen.[1][2]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- "Spyt / Do lêste leafde" (Marista, 2005)
- "Sulveren wein / Yn Frijheid" (Marista, 2006)
- "Wat west hat wie / Yn 'e dize" (Marista, 2007)
- "Laat ut noait gebeure / Dêr stiet in frou" (Marista, MCD 7410, 2008)
- "Farwol" (Marista, 2011)
- "Blaas der op" (Marista, 2011)
- "Ik sjong foar dy" (Marista, 2011)
- "It is net oan my" (Marista, 2012)
- "Ik bin in Amsterdammer" (Marista, 2012)
- "Hasto it dien" (Marista, 2012)
- "Lit har hjir mar bliuwe" (Marista, 2012)
- "Sodom of Gomorra" (Marista, 2012)
- "Sûker swiet sa swiet" (Marista, 2012)
- "It kin samar wêze" (Marista, 2015)
- "De frije frou" (Marista, 2016)
- "Langjend nei dy" (Marista, 2016)
- "Iensume Fiskers" (Marists, 2017)
- "It lot fan god" (Marista 2022)
- "Myn gelok" (Marista 2022)
- "Wat west hat wie" (Marista mcd 7327, 2007)
- CD tegearre mei oaren: "Cohen in het Fries" (Foreign Media Music, 2008)
- "De nacht wachtet" - Mariusz & de Muzikanten (Marista mcd 9575, 2012)
- "De Ûtstjoering" (live) (Marista 2020)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |