Springe nei ynhâld

Marinekatedraal fan de Hillige Nikolaas (Kronstadt)

Ut Wikipedy
Marine Katedraal fan de Hillige Nikolaas

Морской собор святителя Николая Чудотворца

Lokaasje
lân Ruslân
lânsdiel Sint-Petersburch
plak Kronstadt
adres Jakovnaja Plosjtsjad
koördinaten 59° 59' N 29° 46' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
arsjitekt Vasili Kosjakov, Georgi Kosjakov
boujier 1903-1913
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7810287003
Webside
Side fan de katedraal
Kaart
Marinekatedraal fan de Hillige Nikolaas (Sint-Petersburch)
Marinekatedraal fan de Hillige Nikolaas

De Marine Katedraal fan de Hillige Nikolaas (Russysk: Морской собор святителя Николая Чудотворца) is in russysk-otterdokse katedraal yn 'e Russyske stêd Kronstadt, likernôch 30 kilometer west fan Sint-Petersburch. De katedraal waard tusken 1903 en 1913 boud as tsjerke fan 'e Russyske Marine en as monumint foar de fallen seelju.

Under it bolsjewistyske rezjym waard de katedraal yn 1929 sletten. It krige de bestimming fan bioskoop. Letter waard it bouwurk in Hûs foar Offisiers (1939) en wer letter in Marinemuseum (1980).

Yn 2002 krige de katedraal wer in krús op 'e koepel en yn 2005 waard der foar it earst sûnt lange tiid wer in godlike liturgy fierd. De folslein renovearre katedraal waard yn 2013 yn oanwêzigens fan premier Dmitri Medvedev troch de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân op 'e nij konsekrearre.

In earste otterdokse tsjerke yn Kronstadt waard yn 'e jierren 1728-1731 boud. Dy houten tsjerke bleau oant 1840 de tsjerke foar de grutste marinebasis fan it keizerryk. Nei't de klokken dwers troch de ferotte flieren fan 'e toer stoarten en de klokketoer slim skeinden, liet tsaar Nikolaas I de tsjerke slute en yn 1841 ôfbrekke. De tsjerketsjinsten waarden dêrnei yn ferskate gebouwen fuortset. In yn 1861 boude, tydlike houten tsjerke wie fuortendaliks al te lyts foar de likernôch 10.000 seelju op 'e basis. Tastimming foar de bou fan in nije tsjerke kaam der net fan 'e tsaar. Yn dy tiid mocht der net samar boud wurde yn Ruslân en oant Aleksander II wie it foech foar gruttere bouprojekten noch jimmeroan slim sintralisearre. Mar yn 'e jierren 1880-1890 feroare dat stadichoan en fûn der in desintralisaasje fan it foech plak.

Yn 1896 naam admiraal Pavel Tirtov it inisjatyf om tariedings te meitsjen foar de bou fan in katedraal yn Kronstadt. Der waard in wedstriid foar arsjitekten útskreaun om in ûntwerp te leverjen, mar nei't ek in twadde wedstriid gjin goed ûntwerp oplevere, waarden de easken oanpast dêr't de bou oan foldwaan moast. De nije katedraal moast no grut genôch wêze om it op grutte ôfstân sjen te kinnen en it krús op 'e koepel moast foar it ynkommend skipferkear dúdlik sichtber wêze. It tredde ûntwerp waard troch de tsaar goedkard en de ferneamde pryster Jehannes fan Kronstadt trune oan om fuort mei de bou te begjinnen, mar no sette de nije fise-admiraal Stepan Makarov in streek troch it plan, om't er it ûntwerp te lyts achte en boppedat spriek it him net oan.

Makarov naam no de kontrôle oer it projekt op him en noege Vasili Kosjakov (1862-1921) út, in yntusken bekende arsjitekt fan neobyzantynske bouwurken. Kosjakov hie namme makke mei syn hege ienkoepelige tsjerken mei fjouwer apsissen. Syn ûntwerp foar in tsjerke yn Astrachan fûn neifolging yn it hiele ryk en syn broer Georgi Kosjakov wie in bejeftige keunster, dy't wurke oan de ynteriers. As arsjitekt fan 'e 'Tsjerke fan Us Leaffrou de Genedige' yn Sint-Petersburch hie Kosjakov boppedat al ûnderfining mei it wurkjen foar de marine. Makarov joech Kosjakov it betingst dat de nije katedraal teminsten plak jaan moast oan 5.000 minsken en oan 'e byzantynske tradysje anderje moast. Om syn begryp fan de byzantynske keunst op te friskjen reizge Kosjakov yn 1900 nei Istanbûl en Grikelân. Fan 'e twa ûntwerpen dy't er dêrei oan 'e kommisje fan 'e marine presintearre, waard ien útkeazen, dy't op 21 maaie 1901 ek de goedkarring fan tsaar Nikolaas II krige. Oars as Kosjakov's relatyf hege tsjerken mei in lyste haadkoepel hie de arsjitekt no in plan oanlevere foar in tsjerke mei in brede (26 meter) mar relatyf lege koepel, lykas by de Hagia Sofia yn Konstantinopel. Werom't de arsjitekt fan syn oarspronklike bouprogram ôfwykte is net bekend. Mooglik wie it de ynfloed fan professor Nikolai Sûltanov, in liedend persoan fan 'e neorussyske skoalle. Yn 1895 oant 1904 liede Kosjakov de bou fan 'e Petrus- en Pauluskatedraal, in neorussysk ûntwerp fan Sûltanov.

Westlike gevel
Vasili Kosjakov
Ynterieur
Vasili Kosjakov
Alfa en Omega-keunstwurk
Georgi Kosjakov
Kandlers
Georgi Kosjakov

Yn 1903 produsearren de bruorren Kosjakov in boekwurk mei hast tûzen ûntwerpen fan details yn en oan 'e noch net boude katedraal. Yn it ynterieur fan 'e katedraal is de dúdlike ynfloed fan 'e Art Nouveau te opsterwearjen, fakkundich yntegrearre yn in byzantynsk dekor en foltôge mei moderne technyske systemen. De twa klokketuorren dy't it haadportaal flankearje fertsjintwurdigje romaanske ynvloed, itjinge tige útsûnderlik is yn 'e Russyske arsjitektuer.

Ynterieur fan de tsjerke (1914)

Nettsjinsteande de sosjale ûnrêst, dy't útmûne soe yn de revolúsje fan 1905, waard de rûge bou al yn 1907 foltôge. De ferwaarming en de fentilaasje wurken al yn 1908, sadat fierder it hiele jier oan 'e ôfwurking trochwurke wurde koe. Yn 'e simmer fan 1909 wie de bûtenkant fan 'e katedraal klear en waarden de boustegers ferwidere. Yn 'e katedraal kaam in ikonostaze fan moarmer út de Oeral. De fjouwer portalen krigen in mozayk fan Teotokos, Sint-Nikolaas, Petrus, Paulus, Jehannes fan Rila en Mitrofan fan Voronezj. De katedraal waard elektrysk ferljochte mei fiiftûzen lampen.

Op 10 juny 1913 fûn de konsekraasje fan 'e katedraal plak yn oanwêzigens fan 'e keizerlike famylje. De kosten fan it bouwurk bedroegen, sûnder rekken te hâlden mei frijwilligerswurk en it net-betelle wurk fan seelju, 1.955.000 rûbel.

De ûnthilliging fan katedraal nei de Oktoberrevolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal die mar sechtjin jier as sadanich tsjinst. Op 14 oktober 1929 waard de tsjerke sluten troch de kommunistykse autoriteiten. De kostberheden fan 'e tsjerke waarden ûnteigene en kamen foar in lyts diel yn it Marine Museum en it Russysk Museum telâne.

Krusen en klokken waarden yn de jierren 1930—1931 ferwidere en omgetten. Ien klok mei in gewicht fan 4.726 kg. bleau lykwols hingjen, mooglik omreden fan technyske problemen of om't er as alarmklok yn gefal fan need tsjinje koe. De moarmeren keunstwurken waarden mei de ikonostaze en de plakettes mei de nammen fan de fallen seelju út de tsjerke brutsen en op 'e nij brûkt as gewoan boumateriaal. In lyts tal plakettes krige in plak yn it Marine Museum en ferdwûnen nei 1970.

Yn 1932 waard de eardere katedraal omdoopt ta bioskoop. De bioskoop feroare yn 1939 yn in mienskipssintrum foar it garnizoen fan Kronstadt. Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie it bouwurk sletten en waard de koepel oant trije kear ta troffen troch artilleryfjoer. Nei de oarloch ferbouden se it gebou ta in konserthal. Dêrfoar moast in plafond ynbrocht wurde, dat de koepel isolearre fan 'e tsjerkeromte. Dat plafond bleau oant 2007 sitten. De tsjerke waard yn 1980 yn gebrûk nommen as byfêstiging fan it Sintrale Museum fan 'e Marine.

Weromjefte oan de Tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It restaurearre ynterieur.
De rekonstruearre ikonostaze.

Sûnt de jierren 1990 besocht de Russysk-Otterdokse Tsjerke de katedraal wer yn har besit te krijgen. Op 24 novimber 2002 slagge it om foar it earst wer in krús op de koepel te setten. Trije jier letter, op 2 novimber 2005 koe foar it earst sûnt 1929 in earste godlike liturgy yn de katedraal fierd wurde.

Yn 2008 waard it gebou wer offisjeel in katedraal, mar der waarden allinnich mei spesjale gelegenheden tsjinsten fierd. De katedraal ûndergyng yn dy tiid in yngreven restauraasje en waard op 30 maaie 2013 troch patriarch Kitill, noch krekt foar it 100-jierrich jubileum fan de tsjerke, op 'e nij ynwijd. By dy dy gelegenheid sei premier Dmitri Medvedev dat de katedraal der noch moaier útseach as 100 jier tebek.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Kronstadt Naval Cathedral.