Springe nei ynhâld

Marije-Himelfeartkatedraal (Pinsk)

Ut Wikipedy
Marije-Himelfeartkatedraal
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
plak Pinsk
adres Ulitsa Lenina
koördinaten 52° 06'NB, 26° 06'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Pinks
status basilica minor
Arsjitektuer
boujier 1712-1769
boustyl barok
Kaart
Marije-Himelfeartkatedraal (Wyt-Ruslân)
Marije-Himelfeartkatedraal

De Katedraal-basilyk Marije-Himelfeart (Wyt-Russysk: атэдральны Унебаўзяцця Найсвяцейшай Панны Марыі) yn Pinsk, Wyt-Ruslân is de katedraal fan it roomsk-katolike bisdom Pinsk. De barokke tsjerke stiet tichteby de Pina en grinzget oan de Fransiskaanske kleastergebouwen. De katedraal draacht sûnt 1996 de earetitel basilica minor.

It, doe noch houten, kleaster waard yn 1396 yn opdracht fan 'e foarst fan Pinsk en syn frou boud. It kompleks waard troch de earste biskop fan Vilnius, Andreas I Vasila, ynwijd. De kleastertsjerke baarnde yn de rin fan de tiid ferskate kearen ôf, mar waard jimmeroan wer fan hout opboud. Op 9 novimber 1648 foelen protestanten de stêd oan en stieken de tsjerke yn 'e brân, noch foar de tsjerke troch Kozakken en ynwenners plondere waard. Neffens de ynventarisboeken briek in kloft minsken yn de tsjerke yn en fernielden alters en ikoanen en stielen, sloegen de ruten oan diggels en stielen alles wat wearde hie út de sakristy. De weropbou folge yn 1651.

Oargel fan Adalbertus Grodnicki

Yn 'e tiid fan de Grutte Noardske Kriich waard it kleaster yn 1705 troch Sweedske troepen yn 'e jiske lein. Nei't de Sweden harren út Pinsk weromloeken waard sûnt 1712 de tsjerke fan stien wer opboud. Yn 1730 fûn de wijing fan dy tsjerke plak, wylst tusken 1766 oant 1769 fierder oan 'e gevel wurke waard. Tagelyk ûntstiene ek de twa ferdjippings tellende kleastergebouwen.

Yn it jier 1817 folge neffens in ûntwerp fan K. Kamenski de bou fan 'e frijsteande stiennen klokketoer. De fjirde ferdjipping fan 'e toer waard pas oan it begjin fan 'e 20e iuw foltôge.

Under Russysk bewâld waard it katolike kleaster yn 1835 opheven; de kleastertsjerke waard in parochytsjerke. Yn de Poalske tiid waard it kleaster op 'e nij iepene en yn 1939 koe in restauraasje ôfsletten wurde. Mei de stifting fan it doedestiidske Poalske bisdom Pinsk waard de tsjerke yn 1925 in katedraal. Tusken 1940 en 1992 waard it kleaster wer troch de Sovjet-autoriteiten sletten.

Op 13 april 1991 waard de aartsbiskop fan Minsk, Kazimierz Świątek, ta apostoalysk administrator fan it bisdom Pinsk beneamd. De aartsbiskop waard nei syn dea yn de katedraal begroeven. Paus Jehannes Paulus II ferliende de katedraal yn 1996 de tsjerke de status fan basilica minor.

De Marije-Himelfeartkatedraal is in trijeskippige basilyk mei tige smelle sydskippen, dy't fan skiedingsmuorren fan flakke kapellen skieden wurde. It koer wurdt mei in healrûne apsis ôfsletten. Haadskip en koer hawwe in tonferwulft mei dêrboppe in dakruter. De hege haadgevel is ryk dekorearre mei pilasters, nissen en kroanlisten en wurdt horizontaal yn trije dielen ferdield mei oan wjerksanten tuorren.

Madonna fan Pinsk

It haadalter is oan wjerskanten fersierd mei de bylden fan de apostels Petrus en Paulus. Sintraal tusken de fjouwer draaide pylders is in skilderij fan 4 x 2 meter fan de himelfeart fan Marije, in reproduksje fan Bartolomé Murillo. It heechreliëf yn it alter fan de Stigmata fan Sint-Fransiskus soe ûntstien wêze tusken 1766 en 1817.

Ynrjochting

Guon fan 'e alters yn 'e sydkapellen stamme noch út de 18e iuw. Yn 1909 skildere S. Rudinski it ferwulft fan it koer en de oare ferwulften mei dekorative eleminten. De sydalters waarden oan it begjin fan de 20e iuw troch Alfred Izydor Römer beskildere. Syn 'Madonna fan Pinsk' wurdt as ien fan de meast weardefolle wurken fan de tsjerke wurdearre.

It oargel fan de katedraal is it âldste noch te bespyljen oargel fan Wyt-Ruslân. It waard yn 1837 boud troch Adalbertus Grodnicki út Vilnius. It ynstrumint hat 36 registers, twa manualen en 1398 pipen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale Mariä Himmelfahrt (Pinsk)