Mariatrost (Graz)
Basilyk fan de Berte fan Marije
Basilika Mariae Geburt | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Graz | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke mei oangrinzgjend kleaster | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 119857 | |
offisjele webside | ||
Side parochy |
De Basilyk fan de Berte fan Marije (Dútsk: Basilika Mariae Geburt) of de Parochy- en Beafearttsjerke Marije-Treast, is in roomsk-katolike tsjerke op de Purberg yn de Eastenrykske stêd Graz.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It barokke bouwurk heart mei it Fransiskaanske kleaster ta de wichtichste beafeartsplakken fan de dielsteat Stiermarken. It doel fan de pylgers, dy't net allinne út Eastenryk mar ek út Hongarije en Kroaasje komme, is in mirakuleus byld fan de Jongfaam. It byld stamt út it stift Rein by Graz en stie earder yn in hûskapel fan it slot op de Purberg. De besitter fan it slot joech it byld yn 1708 oan de Oarder fan de Paulinen.
Yn 1714 waard foar de hjoeddeiske beafeartstsjerke de earste stien lein en fiif jier letter waard de earste misse fierd. Keizer Karel VI joech opdracht om in wei fan Graz nei Mariatrost oan te lizzen, sadat de pylgerreis nei de tsjerke wat makliker gyng. De tsjerke wie yn 1724 foar it measte klear, mar de folsleine foltôging fan de tsjerke duorre dochs noch oant 1779. In pear jier letter moasten de Paulinen yn it ramt fan maatregels fan keizer Joazef II om de tsjerke ûndergeskikt te meitsjen oan de steat harren kleaster ferlitte.
De beafearttsjerke waard in parochytsjerke en de oan in slachter ferkochte kleastergebouwen waarden as stâlen foar it fee brûkt. Tusken 1846 en 1996 behearden de Fransiskanen de tsjerke wer as beafeartsplak, mar yn dat lêste jier ferliet de oarder it kleaster.
Paus Jehannes Paulus II ferliende de tsjerke op 28 oktober 1999 de status fan basilica minor.
Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De gevel fan de tsjerke wurdt flankearre troch twa 61 meter hege tuorren. Oer de krusing fan de basilyk troant in koepel en oan beide kanten fan de tsjerke binne kapellen. As foarbyld fan de tsjerke tsjinne de jezuïtetsjerke Il Gesù yn Rome. De krúskoepeltsjerke wurdt troch de gebouwen fan it kleaster omfieme, dat ynearsten (1708-1786) troch Paulinen en letter troch Fransiskanen bewenne waarden.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sintraal yn it heechalter stiet in letgoatysk Marijebyld fan 1465, dat út it stift Rein stamt. Yn 1695 waard it byld troch Bernhard Echter yn barokke styl feroare. Boppe har is in troch ingels droegen ynskrift mei de wurden Solatium vitae nostrae (Treast fan ús libben). It plafond, de koepel en sydmuorren fan de tsjerke binne fan 1733 oant 1754 troch Lukas von Schram en Johann Baptist mei fresko's beskildere. Ien fan de foarstellings betinkt de oerwinning fan Eastenryk op de Turken.
Yn it koepelfresko wurdt de Mem Gods as keninginne fan de himel ôfbylde. Op de pendentiven fan de koepel binne de ôfbylden te sjen fan de fjouwer evangelisten. Yn de sydkapellen fan de basilyk wurdt de skiednis fan it beafeartsplak mei Marije as Helper en Treaster toant.
Veit Königer boude de preekstoel yn 1779. Op it klankboerd stiet in allegoaryske foarstelling fan it leauwe en de kûb is fersierd mei symboalen fan de hope (it anker) en de leafde (hert) en trije reliëfs mei sênes út it libben fan Marije foar, wylst de reliëfs fan de trep mirakels en it achterskot de Ferkundiging útbyldzje. In soartgelikense preekstoel fan deselde bouwer stiet yn de parochytsjerke fan Nestelbach by Graz.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op de barokke oargelkas steane de bylden fan kening David en de hillige Sesilia, patroanhillige fan de tsjerkemuzyk. It ynstrumint sels datearret út 1993 en hat 45 registers op trije manualen en pedaal. It waard boud troch de Eastenrykske oargelfirma Pflüger út Feldkirch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|