Springe nei ynhâld

Il Gesù (Rome)

Ut Wikipedy
Il Gesù
Lokaasje
lân Itaalje
plak Rome
adres Via degli Astalli
koördinaten 41°53'N 12°28' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Giacomo Barozzi da Vignola
boujier 1568
boustyl barok
Webside
Side fan de tsjerke
Kaart
Il Gesù (Rome)
Il Gesù

De Chiesa Santissimo Nome di Gesù (Tsjerke fan 'e alderhilligste Namme Jezus) is in tsjerkegebou yn Rome. It is de belangrykste tsjerke fan 'e yn 1534 troch Ignatius fan Loyola stifte oarder fan 'e Jezuïten. Lykas de Sint-Piter oefene ek de Il Gesù grutte ynfloed op 'e barokke tsjerkebou út. De tsjerke stie boppedat model foar in Jezuïtetsjerke en oare tsjerkegebouwen yn Europa.

It begjin fan 'e troch de arsjitekt Giacomo Barozzi da Vignola ûntwurpen tsjerke wie yn 1568. Alhoewol't it monumint fan 'e kontrareformaasje al yn it jubeljier 1575 brûkt waard, duorre it noch njoggen jier ea't de tsjerke yn 1584 offisjeel wijd waard. Op it oansjen fan 'e tsjerke oefene kardinaal Alessandro Farnese ynfloed út, in pakesizzer fan paus Paulus III en beskermhear fan 'e oarder. Hy makke de bou finansjeel mooglik en waard yn 'e tsjerke byset.

Plafondfresko Triomf fan de Namme fan Jezus (Baciccia).

It oarspronklik ienfâldige ynterieur waard tusken 1668 en 1673 yn opdracht fan kardinaal Giovanni Francesco Negroni yn heechbarokke styl feroare. Tige nijsgjirrich is it plafondfresko yn it skip fan 'e tsjerke. It stelt de Ferhearliking fan 'e Namme fan Jezus foar en waard troch Giovanni Battista Gaulli (Baciccia) oanbrocht.

It monumintale grêf fan 'e hillige Ignatius fan Loyola yn it lofter dwersskip waard tusken 1696 en 1700 makke troch de jezuïte-arsjitekt Andrea Pozzo. It keunstwurk foarmet ien fan 'e hichtepunten fan 'e barokke byldhoukeunst yn Rome. Op 'e urn mei de resten fan 'e hillige stiet it byld fan Ignatius, dat net mear it orizjineel is. It oarspronklike byld fan massyf sulver waard yn 'e Frânske tiid út de tsjerke helle en omraant. It tsjintwurdige byld is in bewurke ferzje út 1814. Tusken de byldegroep dy't de bekroaning fan it alter foarmje is in ierdbol te sjen fan lazuerstien. De bol soe fan 'e grutste lazuerstien makke wêze dy't ea fûn waard.

Yn 'e tsjerke wurdt ek de mummifisearre earm fan Fransiskus Ksavearius bewarre, dy’t de missy yn east-Aazje opsette.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Il Gesù (Rome) fan Wikimedia Commons.