Mannich Kûp
Mannich Kûp | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alaxchíia Ahú | |
oare namme | Plenty Coups | |
nasjonaliteit | Kriesk Amerikaansk | |
berne | 1848 | |
berteplak | by Billings (Montana) | |
stoarn | 1932 | |
stjerplak | by Pryor (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Krieën | |
jierren aktyf | 1876 – 1932 |
Mannich Kûp (Ingelsk: Plenty Coups; Kriesk: Alaxchíia Ahú; wierskynlik by Billings (Montana), 1848 – by Pryor (Montana), 1932) wie in opperhaad fan 'e Krieën (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Under syn liederskip sleaten de Krieën in ferbûn mei de Amerikanen tsjin harren tradisjonele fijannen, de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Mannich Kûp leaude dat ferset tsjin 'e kolonisaasje fan it Westen troch de blanken ta de ûndergong fan syn folk liede soe. Dêrom besocht er de Krieën freedsum troch dy ûnlijige tiid te loadsen, sadat harren kultuer en religy beholden bliuwe soene.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mannich Kûp waard yn 1848 berne op in plak dat troch syn folk de Kliffen sûnder Namme neamd waard, wierskynlik yn 'e neite fan it hjoeddeistige Billings, yn 'e Amerikaanske steat Montana. Syn heit wie Medisynfûgel en syn mem hiet fan Otter. Hja wiene allebeide lid fan 'e stamme fan 'e Berch-Krieën, ien fan trije dielen fan it folk fan 'e Krieën (Crow). As bern droech Mannich Kûp de namme Bizonbolle-Dy't-yn-'e-Wyn-op-Sjocht (Ingelsk: Buffalo-Bull-Facing-the-Wind; Kriesk: Chíilaphuchissaaleesh). Nei't er as foege jonge troch dieden fan dapperheid it rjocht wûn hie om him in kriger te neamen, krige er nei de wizânsje fan syn folk in oare namme. Syn pake foarsei dat er in grut opperhaad wurde en lang libje soe, en dat er withoefolle grutte dieden ferrjochtsje soe. Dêrom neamde de âldman him Mannich Kûp, nei it Yndiaanske begryp kûp (likernôch: "dappere die").
Ier yn syn libben krige Mannich Kûp geregeldwei fizioenen en foarsizzende dreamen. In protte dêrfan lieken sa fiersocht, dat er earst net leaud waard, mar doe't se dochs útkamen, begûnen syn folksgenoaten mear acht te slaan op Mannich Kûp syn sizzen. Doe't er alve jier âld wie, krige er in fizioen wêrby't er in protte bizons op 'e flakten seach, dy't lykwols foar syn eagen weiwaarden. Doe kamen der út in gat yn 'e grûn nuveraardige oarsoartige bizons, mei frjemde sturten en surreälistyske bûnte kleuren, dy't in apart âljend lûd makken. Dêrfan kamen der almar mear, oant se úteinlik de hiele flakten oerdieken. Dêrnei seach Mannich Kûp in wâld, wêrfan't de beammen troch in stoarmwyn omblaasd waarden, allegear útsein ien wêryn't de Amerikaanske mies (chickadee) nestele.
De stamâldsten fan 'e Krieën ynterpretearren dat fizioen as in warskôging dat de Yndianen (de bizons) ferdwine soene en op 'e flakten ferfongen wurde soene troch blanken (kij). Krektsa soene de blanken (stoarmwyn) alle Yndiaanske folken (beammen) derûnder bringe, behalven de Krieën (beam mei de Amerikaansk miezen), as dy mar leare koene hoe't se mei de blanken gearlibje moasten. Neitiid naam Mannich Kûp de Amerikaanske mies foar syn geastegids oan, en droech er yn syn medisynponge altyd in pear poaten fan it Amerikaanske mies by him.
Yn 'e jierren dy't folgen, wie Mannich Kûp aktyf as kriger yn skermutselings mei en oerfallen op oare Yndiaanske stammen. Dat wiene benammen de Lakota en de Noardlike Sjajinnen, dat tradisjonele fijannen fan 'e Krieën wiene. Mannich Kûp helle dêrby ferskate huzarestikjes út. Sa klaaide er him 'e hûd fan in grize wolf en ferkende sa gauris de direkte omkriten fan in kamp fan 'e fijân. Ek joech er lieding oan 'e Krieske krigers by ferskate oerfallen, wêrfoar't er sels it plan betocht hie. De heechste eare foel in kriger dêrby ta diel, dy't in wapen of hynder fan 'e fijân stiel of dy't in fijân oanrekke sûnder dy te ferwûnjen of sels ferwûne te reitsjen, en Mannich Kûp die al dy dingen ferskate kearen. Sa boude er in reputaasje fan moed en skranderens op, dy't er behalven yn wapene konfrontaasjes ek yn stammegearkomsten ynsette koe, mei't er in begenedige sprekker wie.
Opperhaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei 28 jier waard Mannich Kûp yn 1867 in opperhaad fan 'e Berch-Crow. Tsjin dy tiid hied er tusken de fyftich en hûndert fearren oan syn kûpstôk, dy't allegearre in moedige die symbolisearren. Datselde jiers briek ek de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 út wêrby't it Amerikaanske Leger nei in ferpletterjende nederlaach yn 'e Slach oan de Little Bighorn úteinlik foargoed ôfweefde mei de Lakota en Noardlike Sjajinnen. Mannich Kûp wie yn dy striid in bûnsgenoat fan 'e Amerikanen, en naam diel oan ferskate fjildslaggen en mindere skermutselings mei de tradisjonele fijannen fan syn folk, wêrûnder de grutte Slach oan de Rosebud.
Neitiid waard Mannich Kûp troch syn folk nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. ta stjoerd om 'e belangen fan 'e Krieën feilich te stellen. Hy kearde him mei súkses tsjin it plan fan ferskate Amerikaanske senators om it Krieë Yndianereservaat mar op te heffen, al koed er net foarkomme dat de Krieën 20% fan har grûngebiet kwytrekken. Hy besefte dat se likegoed noch bliid wêze mochten, want in protte oare Yndiaanske folken waarden yn dyselde snuorje út har heitelân wei deportearre nei hiele oare dielen fan 'e Feriene Steaten. Tusken 1877 en 1890 ûndernaam Mannich Kûp ferskate kearen de lange reis nei Washington ta om 'e Krieën dêre te fertsjintwurdigjen.
Mannich Kûp seach al ier yn dat ûnderwiis krúsjaal wie foar it fuortbestean fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Ien fan syn bekendste sitaten wie: "Underwiis is jins machtichste wapen. Mei ûnderwiis is men de gelikense fan 'e blanke; sûnder ûnderwiis is men syn slachtoffer en sil men dat jins hiele libben bliuwe." Oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch wie hy as iennichste Yndiaanske lieder oanwêzich by de ynwijing fan it Grêf fan de Unbekende Soldaat, yn 'e Amerikaanske haadstêd, dêr't er in koarte taspraak yn it Kriesk joech en syn fearretoai en kûpstôk op it grêf pleatste, dêr't se noch altyd preservearre wurde yn in glêzene kiste.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1928 waard Mannich Kûp yn it Krieë Yndianereservaat opsocht troch de auteur Frank B. Linderman, dy't him holp om syn autobiografy te skriuwen. It wurk waard yn 1930 útjûn ûnder de titel American: The Life Story of a Great Indian: Plenty-coups, Chief of the Crows. Yn 1960 waard it werprinte as Plenty-Coups: Chief of the Crows, en ûnder dy titel wurdt it noch altyd werútjûn.
Yn 1928 brocht Mannich Kûp ek in besyk oan 'e Mount Vernon-plantaazje fan George Washington, yn Firginia. Dêrtroch waard er ynspirearre om syn eigen lân ek nei te litten oan 'e steat, en sadwaande donearre er datselde jiers noch 195 acres (krapoan 80 ha) oan Bighorn County om der in park fan te meitsjen foar it geniet fan lettere generaasjes. Sa ûntstie it Steatspark Chief Plenty Coups, yn 'e neite fan Pryor, dat yn 2003 hielendal renovearre waard.
Mannich Kûp kaam yn 1932 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 84 jier. Hy wurdt troch syn folk beskôge as de lêste fan 'e grutte opperhaden. Hoewol't er troud wie mei Slacht-it-Izer, hied er gjin bern. Tsjin 'e tiid fan syn dea wie it fizioen dat er as alvejierrige hân hie, suver hielendal útkommen. De blanken hiene de flakten oerspield en sloegen no folslein foar master op. Yndiaanske folken dy't har tsjin dy oerhearsking fersetten, wiene skriklike ferliezen tabrocht en hiene tasjen moatten hoe't harren kultuer fierhinne ferrinnewearre wie. Troch it foarútsjend each en kundich liederskip fan Mannich Kûp wie de Krieën sa'n lot grutdiels besparre bleaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |