Maartensdijk
Maartensdijk | |
---|---|
Nederlânsk-herfoarme doarpstsjerke | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Utert |
Gemeente | De Bilt |
Sifers | |
Ynwennertal | 4.880 (1 jannewaris 2021)[1] |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 52° 8' 60" NB, 5° 10' 59" EL |
Maartensdijk is in doarp en eardere gemeente yn de hjoeddeiske gemeente De Bilt, yn de provinsje Utert. It doarp hat 4.880 ynwenners (2021). De gemeente omfieme by de opheffing yn 2001 de doarpen Maartensdijk, Groenekan, Hollandsche Rading en Westbroek.
Maartensdijk is ûntstien yn in grut feangebiet tusken It Goai en de Utertse Fecht, dat it "Eastfean" neamd waard. Yn de 15e iuw dûkte de namme Maartensdijk foar it earst op, as in wetterwurk yn dat Eastfean. De delsetting dy't der yn de neikomende jierren omhinnegroeide krige op it lêst deselde namme. De gemeente besloech yn it earstoan hast it hiele Eastfean.
Oarspronklik wie Maartensdijk in lintdoarp by de Doarpswei lâns (dy't nei de ferfeanting fan it gebiet noch "de Sint Maartensdijk" neamd waard). Dy dyk wie ien fan de ûntginningsassen yn it ûntgûne feangebiet. Letter is it doarp sterk yn súdlike rjochting útwreide, wêrtroch it syn lintfoarm ferlern hat. Dochs is der nea in echte buorren ûntstien.
Boargemasters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1811-1847 Mr. Maurits Jacob Eyck van Zuylichem
- 1847-1866 Frans Nicolaas Marius Eyck van Zuylichem
- 1924-1935 C. van der Voort van Zijp
- 1973- na 1983 Mr. A.L.W.J. Panis (CDA)
- oant 2001 Mr. P.H.D.H. Diepenhorst
Ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bas van der Vlies (1942-2021), âld-politikus (SGP, earder Twadde Keamerlid)
- Schelto van Heemstra (1807-1864), politikus
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Hearehûs oan de Doarpswei
-
Moderne roomske Sint-Maartenstsjerke
-
Earder gemeentehûs, no plysjeburo
-
It spoar (Easterspoarwei) by Maartensdijk mei unike spoarbôgen
-
Alde skut mei draaitsjil oan de Doarpswei
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
De Bilt | ||
---|---|---|
Doarpen: Bilthoven • De Bilt • Groenekan • Hollandsche Rading • Maartensdijk • Westbroek | ||
Buorskippen: Achttienhoven | ||
· · |