Maarten 't Hart

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Maarten 't Hart sinjearret yn De Bijenkorf yn Amsterdam, 12 maart 2011

Maarten 't Hart (Maasslûs, 25 novimber 1944) is in Nederlânsk biolooch en skriuwer, mei de skûlnammen Martin Hart en Jacob Stillebroer, en alter ego en Maartje 't Hart. 't Hart is troud mei Hanneke van den Muyzenberg en wennet yn Warmond.

Hy hat in protte romans skreaun. Syn boeken binne oerset yn ferskate talen en binne fral populêr yn Dútslân en Sweden. Trije romans binne yn it Ingelsk oerset: Een vlucht regenwulpen (1986), De aansprekers (1983), en De zonnewijzer (2004) binne yn't Ingelsk ferskynd, en ek in tal koarte ferhalen.

De temaas fan syn romans hawwe faak autobiografyske komponinten:

  • it plak dêr't er wenne, Maasslûs
  • it strange Protestantisme dêr't er yn opbrocht is en dêr't er him tsjin fersette.
  • de leafde fan in man foar in frou (of famke)
  • de ferhâlding tusken in jonge en in âldere man (bygelyks: heit en soan, learaar en studint)
  • skuld.

Syn boeken steane fol mei details oer natoer (it waar, planten, dieren) en litte syn leafde foar klassike muzyk (foaral de muzyk fan J.S. Bach, Mozart and Schubert) sjen. 't Hart is in pleiter fan it wurk fan ûnder oaren Simon Vestdijk, J. van Oudshoorn en de Deenske skriuwer Hjalmar Söderberg.

't Hart is in oanhinger fan de Partij foar de Bisten.

Hy hat (as Maartje 't Hart) de oandacht lutsen mei it dragen fan frouljusklean (travesty) op it boekebal fan 1993, dêr't de media by wiene. Letter is er dêr wer mei ophâlden.

Bibliografy (yn't koart)[bewurkje seksje | edit source]

  • 1971 - Stenen voor een ransuil - roman, pseudonym Martin Hart
  • 1973 - Ratten - studzje oer de biology fan de rôt. Ek as Martin Hart.
  • 1973 - Ik had een wapenbroeder - roman
  • 1974 - Het vrome volk - ferhalen
  • 1976 - De kritische afstand - essays
  • 1976 - Natuurlijke historie - essays, mei Midas Dekkers
  • 1976 - Avondwandeling - ferhaal
  • 1977 - Mammoet op zondag - ferhalen
  • 1977 - Laatste zomernacht - novelle
  • 1978 - De som van misverstanden - essays
  • 1978 - Een vlucht regenwulpen - roman
  • 1978 - De dorstige minnaar - ferhalen
  • 1978 - De stekelbaars - wittenskiplike stúdzje
  • 1978 - A study of a short term behaviour cycle - proefskrift
  • 1979 - Ongewenste zeereis - essays en ferhalen
  • 1979 - De aansprekers - roman
  • 1980 - De droomkoningin - roman
  • 1981 - De zaterdagvliegers - ferhalen
  • 1982 - De vrouw bestaat niet - essays
  • 1982 - Alle verhalen
  • 1983 - De kroongetuige - roman
  • 1983 - Het eeuwige moment - essays
  • 1984 - De ortolaan - boekewykepresint
  • 1984 - Het roer kan nog zesmaal om - autobiografy
  • 1985 - De huismeester - ferhalen
  • 1985 - Ons leven - biografy
  • 1986 - De jacobsladder - roman
  • 1987 - De draagmoeder - ferhaal
  • 1987 - Het uur tussen hond en wolf - roman
  • 1988 - De steile helling - roman
  • 1989 - De unster - ferhalen
  • 1990 - Een dasspeld uit Toela - essays
  • 1991 - Onder de korenmaat - roman
  • 1992 - Een havik onder Delft - essays
  • 1993 - Het woeden der gehele wereld - roman; ferfilme, regisseur Guido Pieters.
  • 1994 - Du holde Kunst, over muziek - essays, ûnder oaren oer de kantates fan Johann Sebastian Bach.
  • 1996 - Het gebergte. De tweeënvijftig romans van S. Vestdijk - essays (mei Hugo Brandt Corstius)
  • 1996 - De nakomer - roman
  • 1997 - Wie God verlaat heeft niets te vrezen. De Schrift betwist - essays
  • 1998 - De vlieger - roman
  • 1999 - Mijn vaderstad: een literaire wandeling door het Maassluis van Maarten 't Hart
  • 1999 - De gevaren van joggen: dwarse boutades - kollums
  • 1999 - Een deerne in lokkend postuur: persoonlijke kroniek - autobiografy
  • 2000 - Johann Sebastian Bach - essays oer de komponist
  • 2000 - De stiefdochters van Stoof
  • 2002 - De bril van God. De Schrift betwist II - essays
  • 2002 - De zonnewijzer - roman
  • 2002 - Het meisje met de zwarte nagels - spesjale útjefte ta gelegenheid fan it 40-jierrich jubileum as lid fan de Iepenbiere Bibleteek fan Leien
  • 2003 - De scheltopusik - novelle, ferskynd foar De Bijenkorf
  • 2004 - Lotte Weeda - roman
  • 2006 - Mozart en de anderen - essays oer muzyk
  • 2006 - Het Psalmenoproer - histoaryske roman
  • 2007 - Maassluis - novelle
  • 2007 - Het dovemansorendieet - Over zin en onzin van gewichtsverlies
  • 2009 - Verlovingstijd
  • 2010 - Dienstreizen van een thuisblijver - autobiografy

Underskiedingen[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]