Springe nei ynhâld

Ina Dammanpriis

Ut Wikipedy

De Ina Dammanpriis is in Nederlânske literatuerpriis dy't om it jier troch it bestjoer fan de Vestdijkrûnte útrikt wurdt oan in persoan dy't ‘een aantoonbare bijdrage heeft geleverd aan het in stand houden van de kennis over en de belangstelling voor de persoon en het werk van Simon Vestdijk. De priis bestiet út jild en in byldsje fan Ina Damman, makke troch Mieke Vestdijk.

De namme fan de priis ferwiist nei de romanpersoan Ina Damman út de autobiografyske Anton Wachterrige fan Simon Vestdijk. De priis wurdt tagelyk mei de Anton Wachterpriis útrikt.

  • 2000: Fenny Brandsma foar har stúdzje nei de roman Het glinsterend pantser;
  • 2002: Philippe Saba foar syn ûndersyk nei de seksuële ûntjouwing fan Willem Visser út Meneer Visser's hellevaart;
  • 2004: Andreas Vonder foar syn stúdzje fan In navolging van Nietzsche, wêrby't û.o. sjoen is nei de Iepenbiering fan Jehannes yn de roman De kellner en de levenden;
  • 2006: Spiros Macris foar syn Frânske oersetting fan De redding van Fré Bolderhey;
  • 2008: Susanne van Neerbos foar har stúdzje oer it skuldtema yn de romans De nadagen van Pilatus en De held van Temesa;
  • 2010: dr. H.T.M. van Vliet foar in útjefte fan de Vestdijkroman Kind tussen vier vrouwen
  • 2012: Wim Hazeu foar syn biografy fan Vestdijk;
  • 2014: Emanuel Overbeeke, musikolooch, foar syn ynset en ûndersyk nei de rol fan muzyk yn it wurk fan Vestdijk;
  • 2016: Roeland van Wely, kultuerwittenskipper, foar syn publikaasje oer de histoaryske roman De Vuuraanbidders.[1]
  • 2018: Maarten 't Hart skriuwer, foar syn essays oer en omtinken foar Simon Vestdijk yn publike optredens.[2]
  • 2020: Museum It Hannemahûs, foar it jierrenlang omtinken jaan oan Simon Vestdijk yn de foar dat doel ynrjochte Vestdijkkeamer.[3]
  • 2022: Jankobus Seunnenga foar syn fertolking fan de gedichten fan Simon Vestdijk.
  • 2024: Siep Kooi foar syn boek Slotakkoorden bij Simon Vestdijk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: