Springe nei ynhâld

Montanus de Haan Hettema

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan M. de Haan Hettema)
Jhr. Montanus de Haan Hettema

Jhr. Montanus de Haan Hettema (Boalsert, 28 jannewaris 1796 - Ljouwert, 18 desimber 1873) wie fan berop jurist en hâlde him dwaande mei de stavering, foarm en lûdlear fan it Aldfrysk dêr't er in protte publikaasjes oan wije lykas oer de Fryske skiednis en genealogy.

Montse Hettema waard grut te Boalsert as soan fan de winkelman Hans Hettema, katolyk en patriot, en Jantje Gerbens fan Albada. Hettema folge de rjochtestúdzje yn Grins en promovearre op 7 juny 1817. Gebrûk meitsjend fan bestjoerlike herfoarmingen slagge it de ambisjeuze Hettema, op frauduleuze wize, om de Grinzer akademy as jonker te ferlitten en yn 1815 talitten te wurden ta it Ridderskip fan Fryslân. De Hege Ried fan Adel woe lykwols neat witte fan Hettema syn oanfraach om baron wurde te kinnen. Hy boaske yn 1818 mei Eufemia Smit (1795-1858), dochter fan in Grinzer logeminthâlder en doe al mem fan in famke. Der soenen noch sechstjin bern folgje.

Hy wie advokaat yn Ljouwert, lid fan Provinsjale Steaten (1819-1829). It slagge him net om dêrnei noch yn de Steaten ferkeazen te wurden. Yn 1838 waard er rjochter by de arrondissemintsrjochtbank. Yn 1838 waard hy as bern oannaam troch frou De Haan, waans namme er taheakke oan syn fan, Hettema.

Doe't syn politike karriêre heakjen bleau, bemuoide er him mei Fryske taal- en rjochtsskiednis dêr't er ûnder ynfloed stie fan Jacob Grimm en Rask en bestudearre de Juniana yn Oxford. Foar it Frysk gie syn foarkar foar de stavering út nei it argayske Midfrysk fan Gysbert Japicx. Bygelyks Joast Hiddes Halbertsma wie syn opponint op dat mêd. Hettema's opfettings fûnen wol wjerklank yn de rûnten fan it tydkrift Iduna, mei fan gefolgen dat de Halbertsma- en de Iduna-stavering mekoar in skoft bekonkurrearren.

Yn de omgong mei minsken wie Hettema net maklik en ek syn wurk op it mêd fan taal en skiednis wie omstriden.

Under oaren:

  • Emsiger landregt van 1312 (1830)
  • Beknopte handleiding, om de oude Friesche taal, voor zoo verre zij in handschriften en in oude drukken nog bestaat, gemakkelijk te lezen en te verstaan, hoofdzakelijk voor diegenen, welke eenige kennis der tegenwoordige land-Friesche taal hebben (1830)
  • De Jurisprudentia Frisica (1834-35)
  • 35 Brieven van jhr. M. de Haan Hettema aan zijn echtgenote, verzonden tijdens zijn reis naar Kopenhagen (1838)
  • Oude Friesche wetten (1846-51)
  • Stamboek van den Frieschen, vroegeren en lateren, adel, uit oude en echte bescheiden en aanteekeningen, en met bijvoeging van de wapens der onderscheidene geschlachten, twa dln. (1846)[1]
  • Idioticon Frisicum, postúm ferskynd (1874)
  • Montanus Hettema, Rinse Posthumus, Onze Reis Naar Sagelterland, Benevens Deszelfs Geschiedenis, Eene Beschrijving Van Den Aard, de Zeden, de Gewoonten Enz: Van Deszelfs Bewoners En Eene
  • Friesche spraakleer fan Rasmus Kristian Nielsen Rask,Montanus Hettema
  • G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid, Boalsert 1926, pp. 495-511;
  • J.J. Kalma, Dit wienen ek Friezen. In rige lytse biografyen V, Ljouwert 1974, pp. 50-56, 71-73; en
  • B. de Vries & Y. Kuiper, ‘Een vrije Fries die baron wilde worden, It Beaken 45 (1983), sd. 106-221.
  • B. Folkertsma, De stavering fan it Westerlauwerske Frysk yn de njoggentjinde iuw, Grins 1973, passim;
  • C.P. Hoekema, P. Karstkarel & Ph.H. Breuker, Eekhoff en zijn werk [...], Ljouwert 1980, passim.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Hettema, Montanus.