Lyuwe Vuyter
Appearance
Lyuwe Vuyter, Lieuwe Aedsgers, en ek Lyuwe Aedgaerts Vuyter Ylst wie in grytman fan Himmelumer Aldefurd, Gaasterlân en Doanjewerstâl.
Lieuwe wie nei alle gedachten in Popma fan Drylts. Hy wie troud mei Catharina ldsarda, dy 't yn july 1529 as syn frou foarkomt. Yn augustus 1523 en in 1524 wie hy ek grytman fan Gaasterlân. Op 11 oktober 1524 krige hy ek Doanjewerstâl ûnder syn behear. Mooglik hat er ek waarnimmend grytman fan Wymbritseradiel west.
Op 24 jannewaris 1517 waard him it goed tawiisd fan Renick Hages en Peter Lieuwes út Drylts.
Liuwe waard yn 1527 fanwege skuld finzen setten. Yn in stik fan july 1529 komt Lyuwe wer as grytman foar. Hy waard begroeven yn Snits. Syn frou Katrijn ferstoar op 90-jierrige leeftyd yn Boalsert.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- List fan grytmannen fan Doanjewerstâl
- List fan grytmannen fan Himmelumer Aldefurd
- List fan grytmannen fan Gaasterlân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|