Springe nei ynhâld

Lytse Priis fan Fryslân

Ut Wikipedy

De Lytse Priis fan Fryslân is in popmuzyk-priis fan Friesland Pop. Neist dizze priis is der ek de "Bandfinale" en de "Lytse Priis fan Snits".

De foarrondes fan de Lytsse priis wurde hâlden yn dit foarjier op sa'n tolve lokaasjes yn Fryslân. De ferkezings wurde yn eigen styl fan de poppoeadia hâlden. De winners fan de lokale rondes spylje yn trije heale finales, yn Snits, Drachten en Makkum, om in finaleplak. De priis bestie yn 2011 út in beker en foar € 1500,- studiotiid.

Alle sjenres en liveacts kinne meidwaan, fan hiphop, house, metal, R&B, singer-songwriter, dance, indie, reggae, rock, country oant funk en hardcore.

Meidochkritearia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Minimaal 50% fan de band/act komt út de provinsje Fryslân
  • der wurdt allinnich eigen wurk spile
  • de artyst(en) hawwe noch gjin platekontrakt
  • eardere winners kinne net meidwaan

De Lytse priis waard ynsteld yn 1984 en organisearre troch it Snitser poppoadium It Bolwurk, as tsjinhinger fan de grutte Priis fan Nederlân, de lanlike popmuzykwedstriid dy't in jier earder út einsetten wie. Doel fan de lytse Priis wie it kreëaren fan optreedmooglikheden foar begjinnende Fryske popartysten.

Yn 1984 bestie de Lytse Priis út ien show, nammentlik de finale yn It Bolwurk yn Snits. Mei de groei kamen der ek mear foarrondes. Dêrom droech It Bolwurk de organisaasje yn 1993 oer oan stichting Friesland Pop mei popkonsulint Sjouke Nauta. Yn 1996 wienen wol 65 ferskate acts te sjen yn de foarrondes.

Tusken 1996 - 2000 kamen de winners fan de Lytse Prizen yn de ferkate provinsjes automatysk yn de finale van de lanlike Grutte Priis fan Nederlân. Pale (winner 1996) helle dêr sels in tredde plak. Yn 2000 goaide de Grutte Priis lykwols de opset om en kamen der foarrondes, heale finales en de kategoryen Singer/Songwriter, Alternative, Dance en Hiphop. De bannen mei de provinsjale popmuzkcontests waarden trochsnien.

Friesland Pop keas der doe foar om -neist de Lytse Priis- ek sjenrespesifike ferkiezings op te setten, lykas SIX (hiphop), Northern Dance Experience (dance) en de Fryske singer/songwritercontest. De namme Lytse Priis waard dêrom yn 2005 omdoopt ta Fries Popnet Bandcontest, dêr't allinnich noch mar bandjes oan meidwaan koene.

Yn 2008 waarden alle Friesland Pop-muzykcontests gearfoege ta de Lytse Priis fan Fryslân.

Jier Winner
2021 Moonloops[1]
2020 Cloudsurfers
2019 Delore
2018 Lester Blackfield
2017 Katie Koss
2016 Pendants
2015 Abdomen
2014 The Homesick
2013 Sväva
2012 Yellow House 21
2011 Mr. Wallace
2010 Alpine Pack
2009 De Basis
2008 Daily Bread
2007 New Killer Stars
2006 New Sense Memory
2005 Shaboon
2004 In Limbo
2003 Mullhouse
2002 Dik In Orde
2001 The Shot Mugs
2000 Fellaz'Vision
1999 P-Double Faced Band
1998 Femmes Vattaal
1997 Sippe Sibbele
1996 Pale
1995 Stephan P. Janssen
1994 Sex Ettek
1993 N.A.I.
1992 Les Chouchoux De La Maitresse
1991 Dust Devil
1990 The Amp
1989 Der Junge Werther
1988 Deinum
1987 LUL
1986 Christ In Concrete
1985 Kobus Gaat naar Appelscha
1984 Brimstone Butterfly - A Cursed Fortress

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: