Springe nei ynhâld

Luis Carrillo y Sotomayor

Ut Wikipedy
Luis Carrillo y Sotomayor
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Luis Carrillo y Sotomayor
nasjonaliteit Spaansk
berne 1585
berteplak Baena (Spanje)
stoarn 22 jannewaris 1610
stjerplak Puerto de Santa María (Spanje)
etnisiteit Andalûsysk
wurk
taal Spaansk
sjenre poëzij, essay's, non-fiksje
perioade Renêssânse
streaming kulturanisme
bekendste
  wurk(en)
Obras de don Luis Carrillo
   y Sotomayor
jierren aktyf ±16051610
offisjele webside
n.f.t.
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Luis. De earste efternamme (fan heitekant) is Carrillo, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Sotomayor. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Carrillo of oars Carrillo y Sotomayor brûkt wurde.

Luis Carrillo y Sotomayor (Baena, 1585Puerto de Santa María, 22 jannewaris 1610) wie in Spaansk dichter, skriuwer en oersetter út it tiidrek fan de barok en de Spaanske Goudene Iuw. Hy wie fan aadlik komôf en studearre oan 'e prestizjeuze universiteit te Salamanca. Hy tsjinne op 'e Spaanske float, en waard beneamd ta lid fan 'e Oarder fan Santiago. Oer syn leafdeslibben is net folle bekend, mei't er de froulju dy't yn syn gedichten neamd wurde, kamûflearre hat mei neatsizzende skûlnammen as Celia, Laura en Lisi.

Carrillo wurdt sjoen as ien fan 'e wichtichste útdragers fan 'e streaming fan it kulturanisme, dat him ûntjoech út 'e tige ornate en retoaryske dichtstyl fan Luis de Góngora. Yn syn traktaat oer de dichtkeunst, Libro de la Erudición Poética (it "Boek fan 'e Dichterlike Wolsprekkendheid"; 1611) besocht Carrillo syn eigen dichterlike metoaden te rjochtfeardigjen troch de fertsjinsten op te neamen fan dizenigens op it mêd fan poëzij. Hoewol't er al mei 24 jier kaam te ferstjerren, en syn oeuvre navenant lyts bleau, stiet er derom bekend dat er ferskate skoandere gedichten skreaun hat, wêrfan't Fábula de Acis y Galatea it meast ferneamd wurden is.

Carrillo syn samle fersen en oare wurken waarden yn 1611 postúm publisearre (nei net al te soarchfâldich redigearre te wêzen) troch syn broer Alonso, ûnder de titel Obras de don Luis Carrillo y Sotomayor ("Wurken fan don Luis Carrillo y Sotomayor"). Yn 1613 folge der in better neisjoene edysje. Op it mêd fan oersettings brocht Carrillo it essay De Brevitate Vitae ("Oer de Koartheid fan it Libben", fan Seneka de Jongere, en de 396 earste fersen fan 'e Remedia Amoris ("Genêzing fan 'e Leafde"), fan Ovidius, út it Latyn nei it Spaansk ta oer.

Carrillo yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teminsten ien gedicht fan Luis Carrillo y Sotomayor is yn it Frysk fertaald troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertaling Op de Fluggens en it Ferlies fan de Tiid hat Bruinsma yn 1985 publisearre yn it tydskrift HJIR.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Carrillo y Sotomayor, Luis, Op de Fluggens en it Ferlies fan de Tiid (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1985, ôfl. 2, s. 11.


Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliografía, op dizze side.