Springe nei ynhâld

Louis Coues Page

Ut Wikipedy
Louis Coues Page
persoanlike bysûnderheden
echte namme Louis Coues Page
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1869
berteplak Zürich (Switserlân)
stoarn 1956
stjerplak Boston (Massachusetts)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt útjouwer, ûndernimmer
jierren aktyf 18961956

Louis Coues Page (Zürich, 1869Boston, 1956) wie in Amerikaansk útjouwer en ûndernimmer. Hy ûntjoech him yn 't earstoan ta in foaroansteand man yn syn wenplak Boston, mar kaam letter op in minne namme te lizzen troch de manear dêr't er wurknimmers en skriuwers op behannele. Syn útjouwerij hiet L.C. Page & Co.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Page waard yn 1869 berne yn it Switserske Zürich, as de soan fan Amerikaanske âlden. Hy groeide op yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, en studearre dêr oan it Harvard Kolleezje. Neitiid wurke er fan 1891 oant 1892 foar de Bostonster útjouwerij Estes & Lauriat. Yn 1895 troude er mei in Kate Stearns. Yn 1896 kocht Page in besteande útjouwerij oan, the Joseph Knight Company, en neamde dy om ta L.C. Page & Co. Omtrint 1914 kaam dat bedriuw foar in perioade fan in stikmannich jierren bekend te stean as The Page Company. De útjouwerij wie fêstige oan Beacon Street yn 'e wyk Beacon Hill. Der waard non-fiksje publisearre oer keunst, reizen en muzyk, en dêropta ek belletry en fiksjeboeken foar sawol bern as folwoeksenen. Yn 1914 naam Page ek de útjouwerij Dana Estes & Co. oer. Behalven yn 'e útjouwerssektor wie Page ek op oare mêden as ûndernimmer aktyf. Sa wiene hy en syn jongere broer George A. Page om 1910 hinne eigners fan it honkbalteam de Boston Braves.

Minne reputaasje en rjochtsaken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende auteurs fan wa't wurk by L.C. Page & Co. ferskynde, wiene û.o. Bliss Carman, Julia Caroline Dorr, Eleanor H. Porter en de Kanadeeske skriuwster L.M. Montgomery. Page hie in fertsjinne reputaasje as ien fan 'e meast tirannike figueren yn 'e Amerikaanske útjouwerssektor, as in bullebak en in mâlkop dy't syn skriuwers útrûpeljende kontrakten opkrong en syn wurknimmers, ûnder wa syn dimmene jongere broer George, graach yn it iepenbier fernederje mocht. Mei L.M. Montgomery, dy't by Page syn útjouwerij it ferneamde berneboek Anne of Green Gables en ferfolgen dêrop útbrocht, rekke Page fan 1917 ôf behelle yn fiif bittere, djoere en slepende rjochtsaken, doe't sy ûntdiek dat er har per boek mar 7 sinten de dollar betelle, wylst yn harren kontrakt fêstlein wie dat er 19 sinten de dollar oan har ôfdrage soe. Dêrop feroare Montgomery yn 'e Feriene Steaten fan útjouwer.

Page easke lykwols dat se it rjocht om Anne's House of Dreams út te jaan oan him oerdwaan soe ear't er har gean liet, en doe't se dat wegere, hold er hielendal op mei har royaltys fan 'e eardere boeken út 'e Anne-rige út te kearen. Ek al koed er gjin inkeld rjocht op Anne's House of Dreams jilde litte, dochs ferkocht Page de Amerikaanske útjourjochten op dat boek oan in oare Amerikaanske útjouwerij, it doedestiden ûngeunstich bekendsteande Grosset & Dunlap. Hy miende dat sokke yntimidaasje yn 'e mande mei it feit dat hy in miljonêr wie en sy net, en dat in rjochtsaak hannen mei jild kostje soe, Montgomery wol twinge soe om yn te binen.

Hy seach der raar fan op doe't bliken die dat dat net it gefal wie. Want Montgomery hierde in abbekaat yn Boston yn en dage Page foar it gerjochtshôf fan Massachusetts foar it net útbeteljen fan royaltys dy't har takamen en foar it ferkeapjen fan rjochten dêr't hy gjin oanspraak op meitsje koe. Yn 1925 stelde in rjochter yn Massachusetts Montgomery op alle punten yn it gelyk, en oardiele dat Page har al sûnt 1908 stelselmjittich en yllegaal in grut diel fan 'e opbringst fan 'e Anne-boeken ûntstellen hie. Page brûkte elts ferlechje dat er betinke koe om foar te kommen dat er Montgomery betelje moast wat er har skuldich wie, en nei't syn broer George yn 1927 oan in hertoanfal ferstoar, beskuldige er Montgomery derfan dat sy de dea fan syn broer op har gewisse hie mei har hetze tsjin harren bedriuw. Yn it echt hie George Page koart foar syn ferstjerren krekt alle bannen mei syn âldere broer trochsnien, nei't er jierrenlang ûnder fernederings en geastlike mishanneling lit hie.

Yn oktober 1928 joech in oare rjochter Montgomery jitris gelyk yn in heger berop, dat Page oanspand hie. Page hold oan mei har namme swart te meitsjen en sette útein mei in kampanje fan wat tsjintwurdich stalking neamd wurde soe, û.m. troch Montgomery telegrammen mei haatlike boadskippen te stjoeren. Syn hâlden en dragen sloech lykwols werom op himsels doe't gjin skriuwer by syn útjouwerij noch in boek publisearje woe, sadat Page neitiid ôfhinklik wie fan ynkomsten út werprintingen fan earder útbrochte boeken dêr't er de rjochten op hie. Uteinlik ûntfong Mongomery op 7 novimber 1928 einlings en te'n lêsten in sjek foar de $15.000 dy't Page har oer de jierren ûntstellen hie.

Louis Coues Page kaam yn 1956 yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren. L.C. Page & Co. waard yn 1957 oernommen troch Farrar, Straus & Cudahy, dy't de namme oant yn 1980 as ymprint oanholden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.