Lorch (Hessen)
Lorch (Hessen) | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() | |
Sifers | |
Ynwennertal | 3.744 (31.12.2020) |
Oerflak | 54,53 km² |
Befolkingstichtens | 69 / km² |
Hichte | 79 m |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Dielsteat | ![]() |
Lânkring | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 50° 3´N 7° 48´E |
Webside | www.lorch-rhein.de |
Lorch is in stêd yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn de Dútske dielsteat Hessen. Toerisme en wynbou foarmje de belangrykste boarnen fan ynkommen en Lorch falt under it UNESCO-wrâlderfgoed Midden-Ryndelte.
Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De plakken Lorchhausen, Espenschied, Ransel, Ranselberg en Wollmerschied binne stedsdielen fan Lorch.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De omjouwing wie al ier bewenne troch Kelten en letter Ubiërs en Sjatten. Sûnt de 1e iuw wreiden de Romeinen harren gebiet oant en mei de Taunus út. Op de Romeinen folgen de Alemannen en mei de folksferhûzings de Franken.
Lorch wurdt foar it earst yn 1085 as Lorecha neamd yn in oarkonde fan aartsbiskop Wezilo, weryn't in skinking fêstlein waard dêr't ek in hûs en herberch yn Lorch ûnder foelen.
Sûnt de 12e iuw lei by Lorch it westlike ein fan it saneamde "Rheingauer Gebück", in troch de aartsbiskoppen fan Mainz oanleine lânwar fan bûken en leechhout fan somtiden wol 100 meter breed. Lorch waard yn de 13e iuw in parochy. Yn de jierren 1460, 1631, 1794 en tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich hie Lorch te lijen fan kriichsgeweld mei grutskalige fernielings. Yn de 19e iuw foel Lorch as ûnderdiel fan de provinsje Hessen-Nassau ûnder it keninkryk Prusen. Alhoewol't Lorch al yn de 13e iuw in muorre mei tuorren hie, itjinge wiist op plannen om it plak stedsrjochten te ferlienen, krige Lorch pas yn 1885 de status fan stêd.
Op 10 jannewaris 1919 waard de Frijsteat Flaschenhals útroppen, in provisoaryske bestjoersienheid tusken de alliearde besettingssônes.
De bou fan in militêre kazerne yn it Wispertal yn de jierren 1960 brocht in soad wurkgelegenheid foar de befolking en foar de soldaten en harren famyljes waard in hiel nij plak op de Ranselberg boud. De kazerne en de militêre fasiliteiten waarden fan 1993 oant 2008 fasearre sletten.
Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lorch is yn mearderheid roomsk-katolyk en hat in monumintale katolike tsjerke. Sûnt 1908 is der in protestantske gemeente, dy't yn in seal oan de Oberweg byinoar komt.
It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Robert-Struppmann-Museum is in keunst- en folkloremuseum mei weardefolle bylden, dokuminten en religieuze saken, lykas in 12e iuwsk fike houten kop fan Jehannes de Doper en in troanende Madonna mei Bern út de iere 14e iuw.
De Sint-Martinustsjerke is in goatyske tsjerke út de 14e iuw. It houten heechalter datearret út 1483 en wurdt beskôge as it meast weardefolle keunstwurk fan it bisdom Limburg.
It Hilchenhaus, it stee fan it Ryngoaër skaai fan de Hilchen fan Lorch, datearret út it midden fan de 16e iuw en stiet bekend as it moaiste renêssânse bouwurk fan de krite. It hûs waard yn 2014 restaurearre en tsjinnet no û.o. as ynformaasjesintrum foar toeristen.
Fan de eardere stedsferdigening is op in rots boppe de stêd de ruïne Nollig bewarre bleaun. De midsiuwske rûne toer Strunk oan de súdlike kant fan de Wisper waard yn 1567 boud en tsjinne om de brêge oer de Wisper (1556) te ferdigenjen. Tsjintwurdich is it in lokaasje om te trouwen.
It oarspronklik 14e-iuwske hûs foar leproazen mei de rûne toer lei yn de midsiuwen bûtenkant fan de stedsmuorre, de gevel waard yn de 17e iuw op 'e nij boud.
De Hexenturm oan de Wispergrund wie eartiids in finzenis. Oant yn de 18e iuw waarden heksen en misdiedigers dêr opsletten.
De Krúskapel (Kreuzkapelle) yn it Wispertal datearret fan de 17e iuw. It is de lêste kapel fan de eartiids njoggen kapellen dy't Lorch hie. De kapel waard op 26 july 1677 troch wijbiskop Adolph Gottfried Volusius wijd. Yn 1738 waard de kapel fergrute en it hjoeddeiske oansjen datearret fan in restauraasje yn 1826. De krúswei efter de kapel waard yn 1897 oanlein, mar yn 1971 troch bern fernield. Allinne de grêflizzing bleau yntakt. De rest fan de krúswei is yn 1983 ferfongen troch abstrakte foarstellings fan de byldhouwer Anton Haust út Presberg.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|