Springe nei ynhâld

Likeblom

Ut Wikipedy
Christoffel Bisschop - Likeblom

In Likeblom (Lykster Tûkje) is in tûkje mei blommen fan kleure papier. Likeblommen waarden troch froulju makke yn De Like en troch reedriders as priis mei nei hûs ta nommen. In soad lân om De Like ( ek de namme fan in rivierke tusken Drinte en Grinslân) stie eartiids winterdeis ûnder wetter. De mar fan De Like waard dan folle grutter, de tsjerke fan Midwâlde en kastiel Nienoard stienen op in sânrêch en bleaunen sadwaande drûch stean. By froast wie it in sport om op redens nei de stêd Grins te riden. Op de weromreis waard dan in Likeblom meinommen yn it knoopsgat. Grinslanners rieden fan de stêd nei De Like om mei in "Laiksterstroek" werom te kommen.

It soe begûn wêze mei in tûkje hulst mei beien. Letter soe dat ferfongen wêze troch ien dy't makke wie fan krêppapier, sitspapier, bûgde wylgeteannen en wyt hânjern. Oan twa mei read en grien papier omwuolle tûkjes waarden njoggen blommen fan sitspapier fêstmakke. It moast op in spesjale manier knipt en krolle wurde. Yn elts gefal moasten der trije blommen fan goud- of sulverpapier oan sitte.

Al begjin 19e iuw gewoan. Fgl. Eeltsje Halbertsma: De Likeblommen dat in ûnderdiel is fan de folle gruttere ballade De winter fen 1624 yn it wetterlân. Dêrby ferdrinkt in reedrydster en wurdt op in slide thúsbrocht. De skilder Christoffel Bisschop makke in skilderij fan in jonge út Hylpen mei in Likeblom yn it knoopsgat. It doek hinget yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits.

It wie ek de namme fan de pleatslike autobusûndernimming. Eartiids waarden ek de rânen fan wollen tekkens en sûkersekjes der mei fersierd. Ek it winkelsintrum is hjirnei neamd. Op de medalje foar fertsjinsten en bûtengewoane prestaasjes foar De Like stiet in likeblom ôfbylde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: