Springe nei ynhâld

Leo Pieter Stoel

Ut Wikipedy
Leo Pieter Stoel
politikus
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
bertedatum22 augustus 1962
berteplakSúdwâlde (Grinslân)
etnisiteitflagge fan Fryslân Frysk
partijVVD
wethâlder fan Súdwest-Fryslân
amtsperioade2011 - 2014
Steatelid fan Fryslân
amtsperioade2015 - 2019
boargemaster fan It Amelân
amtsperioade2020 - no
foargongerGerard van Klaveren (wnd.)

Leo Pieter Stoel (Súdwâlde (Grinslân), 22 augustus 1962) is in Frysk ekonoom, politikus en bestjoerder fan Grinslânsk komôf. Hy is lid fan de VVD. Sûnt 16 jannewaris 2020 is er boargemaster fan It Amelân.

Yn 1976 ferhuze Stoel van Delfsyl nei Snits. Nei it vwo studearre er ekonomy (doktoraal) en rjochten (propedeuse) oan 'e Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Hy wie ek lid fan it haadbestjoer fan de JOVD. Fan 2011 oant 2014 wie er wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân en fan 2015 oant 2019 Steatelid fan Fryslân. Oant syn boargemasterskip wie er Control & MI Officer by AEGON Asset Management. Sûnt 16 jannewaris 2020 is er boargemaster fan It Amelân.

Njonken it boargemasterskip is Stoel lid fan de seksje wedstriidsilen fan de Keninklike Wettersportferiening Snits, nasjonale rjochter by de Wettersportferbûn en betrouwenspersoan by de VVD Fryslân. Hy is boaske en hat twa soannen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: