Springe nei ynhâld

Leo Brouwer (boargemaster)

Ut Wikipedy

Leendert (Leo) Brouwer (Moddergat, 24 jannewaris 1924Dirksland, 16 febrewaris 2003) wie in Nederlânske boargemaster fan Frysk komôf fan de CHU en letter it CDA.

Hy wie in soan fan in dûmny. Nei't er slagge wie foar it eineksamen by it Marnix Gymnasium yn Rotterdam dûkte er ûnder om foar te kommen dat er oppakt wurde soe troch de Dútske besetter.
Nei de befrijing kaam er as stafemplojee yn tsjinst by de Nederlandsche Handel-Maatschappij; hy wurke dêrfoar yn Amsterdam, Rangoon, Hongkong, Osaka en Tokyo ear't er yn 1951 werom gie nei Nederlân en dêr syn wurk foar dat bedriuw fuortsette.
Begjin 1953 gie er oan it wurk by de gemeentesekretary fan de gemeente Hazerswoude en yn juny 1954 folge syn beneaming ta boargemaster fan Zuid-Beijerland. Yn maaie 1958 waard Brouwer boargemaster fan Lemsterlân en fan 1966 ôf oant syn betide pinsjoenearring yn 1985 wied er boargemaster fan Aalsmeer.

Brouwer stoar ier yn 2003 yn de âldens fan 73 jier.