Leienpoel
Leienpoel | ||
Leienpoel, OpenSeaMap 2023 | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | west fan Twellingea | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
koördinaten | 52°59′52"N 5°41′34"E | |
ûnderdiel fan | Wite en Swarte Brekken | |
kaart | ||
De Leienpoel is in poel yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Foar 2011, lei dy yn Wymbritseradiel, en dêrfoar yn de âldere gemeente Wymbritseradiel (1851-1984).
Yn de rin fan de tiid binne de nammen lykwols wat feroare. Doe't yn 1851 de gemeente Wymbritseradiel foarme waard, gong fan It Nau de Sânige Sleat nei de Grutte Leien. Fan dêr gong de Atesleat fierder nei it easten nei It Ges. Dy ferbining foarmet de skieding tusken Toppenhuzen en Twellingea.[1]
Mei't de Tramwei De Jouwer - Snits oanlein waard yn 1886, en letter likernôch 1948 de dyk, en noch resinter yn 1978 de sneldyk A7, waard dy ferbining ferbrutsen. De poel waard úteinlik ta in dea ein, de Leienpoel, mei in dykje deromhinne mei sa'n selde namme. It lêste stikje oarekant de A7, waard yn it doarp ta it lêste stikje fan de Easterbrêgesleat.
Lykwols binne der plannen om de ferbining mei in nij trasee wer werom te bringen. Mei oanpassings oan de Prinses Margriettunnel, soe dy ek in ferbining tusken de beide einen fan de eardere Atesleat werstelle kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |