Springe nei ynhâld

Kromhout Motoren Fabriek

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kromhout (bedriuw))
Museumwerf 't Kromhout, Amsterdam
Kromhout-skipsmotor
Kromhout V6T truck
Kromhout TBZ100/Verheul-bus, boujier 1957, HTM 327

It Kromhout Motoren Fabriek yn Amsterdam wie lange tiid de meast ferneamde bouwer fan frachtauto's, autobussen en skipsmotors fan Nederlân.

It begûn yn 1757 mei it keapjen fan in werf, dêr't jierrenlang houten sylskippen makke waarden. Dêr komt ek de namme "Kromhout" wei: fan it "krûme hout" wêr't skipsspanten fan makke waarden.

Op 11 maart 1867 waard de werf 't Kromhout op de Hoogte Kadijk kocht troch Daniël Goedkoop. Letter setten syn soannen it bedriuw fuort. Doe't stoomboaten opgong makken, gong werf 't Kromhout oer op izeren stoomskippen. Om 1900 hinne slagge it in yngenieur by Kromhout om in saneamde Ottomotor rinne te litten en rillegau waarden dy motoaren ynboud yn frachtweinen en boaten. De betsjinning fan dy 1-silinder benzinemotors fan 2, 4 en 6 hk wie dreech wurk en dêrom waard it gjin súkses. Ek de fjouwertakt piteroaljemotoaren foar de binnenfeart, dy't fan 1904 ôf makke waarden, sloegen net oan. Op de RAI-tentoanstelling fan 1905 koe lykwols in 12 pk-skipsmotor toand wurde dy't wol in súkses wie. Der waard doe ek út ein set mei de searje-fabrikaazje fan motoaren.

Yn 1908 ferhuze de motorôfdieleing fan Kromhout nei in nije fabryk oan de Ketelstraat yn de Nieuwendammerham yn Amsterdam-Noard, oan it IJ. De skipswerf oan de Hoogte Kadijk waard yn 1911 oernaam troch de oanswettende skipswerf.

Yn 1911 kaam Kromhout mei in nij ûntwerp twataktmotor, de R.O.-Kromhoutmotor fan 35 pk. R.O. stie foar Rau Oalje en dat betsjutte dat de motor op in ferskaat fan brânstoffen (fan piteroalje oant gasoalje) rinne koe. Rillegau moast doe it fabryk útwreide wurde, fanwege de grutte fraach nei dy motoaren. In folgjend eigen ûntwerp wie de Hegedrukmotor út 1926. De de krisis fan de iere jierren tritich makke dat der net safolle bestellingen ynkamen en de finansje reserves rekken op. Doe gie Kromhout oer op it bouwen yn lisinsje fan de Ingelske Gardner-motors. Dy motors waarden brûkt yn ûnder mear autobussen, frachtweinen en trekkers.

Produksje frachtweinen en bussen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1935 kaam Kromhout mei eigen frachtweinen op de merk. It earste selsmakke sjassys wie foar in autobus fan de NACO. In ferskaat oan sjassissen en motoaren foar frachtweinen en bussen soarge foar grutte populariteit fan Kromhout.

Fleamasinemotoaren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ingelske Armstrong-Siddeley-motoaren foar fleanmasines waarden ek yn lisinsje makke. Fan 165 hk motoaren hat Fokker der yn 1939 fyftich in lesfleanchtugen boud. Dat súkses late ta in eigen ûntwerp fan in fleanmasinemotor fan Kromhout, de Genet Major Motor, mar troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich is dy nea brûkt. Yn de oarloch binne houtgasgeneratoren foar auto’s produsearre troch Kromhout. Oan de ein fan de oarloch is it bedriuw troch de besetter leechrôve.

Nei de Twadde Wrâldkriich is it bedriuw wer opstart, ynearsten foar de reparaasje fan motoaren. Dêrnei waarden in protte frachtweinen en bussen mei Kromhout-Gardner-motoaren boud foar Nederlânske ôfnimmers. Fral yn it stedsferfier fan Amsterdam, Rotterdam en De Haach rieden in soad Kromhoutbussen. By it streekferfier hie Kromhout safolle súkses net. De prototypes dy't levere wiene oan de GADO, NBM en NTM, dochterûndernimmings fan de Nederlandse Spoorwegen, hiene gjin fierdere bestellingen fan gefolgen, meidat de NS leaver it Britske Leyland-produkt hie. Sadwaande waard it foar Kromhout hieltyd dreger, mei troch de konkurrinsje fan it bot opgong meitsjende DAF.

Yn 1958 stoppe Kromhout mei de produksje fan frachtweinen en bussen. Motoaren waarden der noch wol makke. De produksje fan trucks waard oant 1962 oernaam troch Verheul, in bekende karrosserybouwer. Doe dy der yn 1962 mei ophold, kaam der nei sa'n 2000 stiks in ein oan in ferneamd merk.

Yn 1966 waard Kromhout part fan Stork. De produksje fan de motoaren waard oerbrocht nei it motoarefabryk yn Swol. Yn 1969 gie it Kromhout-motoarefabryk foar altyd ticht. It fabryk yn Swol is yn 1989 oernaam troch Wärtsilä. De fabrykgebouwen binne dêrnei fan Stork brûkt foar de produksje fan masines foar de fiedingsmiddelenyndustry. Ek dêr kaam in ein oan en no wurde de gebouwen brûkt as evenemintehal en foar in restaurant.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]