Springe nei ynhâld

Kristlike MULO (De Jouwer)

Ut Wikipedy

De Kristlike MULO op De Jouwer stie oan de Skien en waard boud yn 1921.

De kristlike MULO kaam fuort út de earste legere skoalle foar kristlik nasjonaal ûnderwiis yn Haskerlân. Dy skoalle begûn mei twa lokalen efter de Midstrjitte. Skoalhaad wie op 1 augustus fan dat jier M.J. ten Hoor. Ten Hoor waard op 6 maaie 1864 berne yn Strobos en hie ûnderwizer yn Leien west. Nei syn pinsjoen waard hy op 1 septimber 1929 opfolge troch W. van der Bij. Van der Bij soe yn 1944 omkomme yn konsintraasjekamp Neuengamme. De funksje waard doe tydlik waarnomd troch S. Loopstra. Sûnt 1946 wie S. de Haan skoalhaad en wie dat noch yn 1955. Yn 1907 krige de skoalle der twa lokalen by en yn 1925 en 1930 wiene der ferbouwings.

Fuortset ûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 1921 krige de skoalle in MULO-ôfdieling. As haad waard doe Westra oansteld, dy 't om 1924 hinne opfolge waard troch K. Kuperus. Kuperus hie ûnderwizer west yn Wjelsryp, Tsjom en Kampen en skoalhaad yn West-Skylge, Aldegea (Wymbritseradiel) en Kampen. Nei syn beneaming yn Frjentsjer waard hy opfolge troch David Leenheer. Dy waard op 1 oktober 1951 beneamd as haad fan de kristlike ULO yn Woerden. Syn opfolger op De Jouwer wie A. Petersen út Nunspeet.

By de ynfiering fan de mammoetwet is waard de MULO 'mafû' yn in nij gebou 'De Blaauwhof' oan de Blaauwhofleane. Doe't de nije MULO klear wie siet yn it âlde gebou noch in pear jier de doe nij oprjochte kristlike húshâldskoalle (LHNO) oant dy nei de oare kant ferhuze. Op it plak fan de âlde MULO waard letter de RABO-bank boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: