Kristlik Frysk Selskip
It yn 1908 oprjochte protestante Kristlik Frysk Selskip (KFS) hie ta doel it brûken fan it Frysk (ek) yn Kristlike fermiddens te stimulearjen. De ortodokse protestante Friezen fielden har net thús by it liberale en faak anty-tsjerklike Ald Selskip. Dûmny Sipke Huismans wie de man dy't mei Anders Minnes Wybenga de oanset joech ta de oprjochting fan wat yn earsten it Kristlik Selskip for Fryske Tael- en Skrifttekennisse hjitte soe. Yn it midden fan de 20-er jierren komt der mei Hendrik van Houten en Fedde Schurer in koerswiziging fan taal- skriftekennisse nei in mear striidbere koers foar emansipaasje fan it Frysk. De namme wurdt dan ek feroare yn koartwei Kristlik Frysk Selskip en se rjochtsje har mear op it brûken fan it Frysk op skoalle, yn 'e tsjerke mar benammen ek yn it iepenbier bestjoer en de rjochtspraak.
Bibeloersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan de foaroanmannen fan it KFS wie Geart Aeilco Wumkes (1869 - 1954) dy't yn 1943 tegearre mei Eeltsje Boates Folkertsma de lêste hân lei oan de earste folsleine oersetting fan Bibel yn it Frysk. It Nije Testamint wie al yn 1933 ferskynd.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It KFS is sûnt 1945 ien fan de by de Ried fan de Fryske Beweging oansletten selskippen.
Yn 1963 wurdt troch it KFS de bibelferkeapkommisje "Net fan brea allinne" ynsteld, om sa mear Fryke Bibels yn 'e omloop te krijen. De bibelferkeap is tsjintwurdich ûnderbrocht by de Kristlike Fryske Folks Bibleteek.
Sûnt 1975 jout it KFS alle jierren it Bûsboekje út, in Fryske aginda.
Yn 1997 is it Roomsk Frysk Boun opgien yn it KFS, neidat beide ferienings al in jiermennich yn in soarte fan federaasjeferbân gearwurke hienen.
Per 1 jannewaris 2013 waarden alle aktiviteiten fan it KFS oerdroegen oan 'e nije Stifting Krúspunt en waard it KFS opheft.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1908-1958: "tinkboek by it 50-jierrich bistean fan it Kristlik Frysk Selskip."