Springe nei ynhâld

Kriehûn

Ut Wikipedy
Kriehûn
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kȟaŋǧí Šúŋka
oare namme Crow Dog
berne 1833
berteplak oan 'e Horse Stealing Creek
(Montana)
stoarn 1912
stjerplak Deadwood (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt haadman fan de Brulee
reden
  bekendheid
moardner fan Bûnte Sturt

Kriehûn (Lakota: Kȟaŋǧí Šúŋka, útspr.: [kˣã'ʁi: 'ʃũ:ka]; Ingelske oersetting: Crow Dog; oan 'e Horse Stealing Creek (Montana), 1833Deadwood (Súd-Dakota), 1912) wie in haadman fan 'e Brulee-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy is benammen bekend wurden as de moardner fan it opperhaad Bûnte Sturt.

Kriehûn waard yn 1833 berne yn wat no de Amerikaanske steat Montana is. Hy wie in omkesizzer fan Oerwinnende Bear, it Brulee-opperhaad waans dea troch de hân fan in Amerikaanske soldaat oft yn 1854 de oanlieding foarme foar it Grattan-bloedbad. Dêrby kamen 29 fan 'e 31 leden fan in Amerikaansk kavalerydetasjemint ûnder lieding fan luitenant John Lawrence Grattan om. Kriehûn wie ien fan 'e krigers dy't by dat gefjocht belutsen wiene. Letter wied er belutsen by de striid tsjin 'e Amerikanen yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868). Teffens focht er ûnder de Grutte Sû-Oarloch op 25 juny 1876 mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht. Ek Kriehûn syn frou, Rint-mei-de-Stjerren, focht yn dy fjildslach mei.

Op 5 augustus 1881 skeat Kriehûn yn it Grutte Sû Reservaat fan Súd-Dakota it Brulee-opperhaad Bûnte Sturt dea (dy't trouwens hast tritich jier earder ek by it Grattan-bloedbad belutsen west hie). De eftergrûnen fan 'e moard binne noch altiten omstriden. Neffens ien lêzing, dy't bgl. troch Luther Standing Bear yn syn autobiografy My People the Sioux op 't aljemint brocht waard, soe Bûnte Sturt op it lêst fan syn libben waanwiis yn syn macht wurden wêze en de frou fan in mishipte man stellen hawwe. Doe't de opperhaden fan 'e Brulee oer de saak gear giene en Bûnte Sturt oarderen om 'e frou werom te jaan, soed er dat wegere hawwe, wylst er dêr oan taheakke hawwe soe dat it Amerikaanske regear efter him stie. Uteinlik soe de fete, nei lang trochattere te hawwen, útrûn wêze op 'e moard. In oare lêzing, dy't bgl. oanhelle wurdt yn it ferneamde skiedkundige wurk Bury My Heart at Wounded Knee, fan Dee Brown, wie dat Kriehûn in strieman foar de Amerikanen wie, dy't troch Bûnte Sturt út 'e wei te romjen de macht fan 'e opperhaden brekke woene.

Hoe dan ek, Kriehûn waard oppakt en berjochte troch in territoriale rjochtbank yn Deadwood, dy't him skuldich befûn oan moard en him ta de deastraf feroardiele. Dat fûnis waard lykwols weromdraaid troch it Amerikaanske Heechgerjochtshôf, om't de rjochtbank fan Deadwood gjin jurisdiksje hie yn in Yndianereservaat. (Dat wie in wichtige útspraak, dy't foar it earst dúdlik makke dat de Yndiaanske stammen yn 'e Feriene Steaten harren soevereiniteit beholden hiene doe't se har ûnder it reservaatsysteem deljûn hiene.) Kriehûn moast doe frijlitten wurde, en hy kearde werom nei it Grutte Sû Reservaat, dêr't er him yn lettere jierren ynliet mei de geastedûnsbeweging, in nije synkretistyske godstsjinst dy't it kristendom mei de lânseigen natoerreligyen fan 'e Yndianen fermong. Nei't it Grutte Sû Reservaat yn 1889 opdield waard, libbe Kriehûn noch jierren yn it Rosebud Reservaat. Hy stoar yn 1912 yn Deadwood.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.