Springe nei ynhâld

Konstantius Kloarus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Konstantius I Klorus)
Búste fan Konstantius I Kloarus

Konstantius Kloarus of Konstantius I, folút: Gajus Flavius Falearius Konstantius (Latyn: Gaius Flavius Valerius Constantius; 31 maart 250? – 25 july 306, York), wie keizer fan Rome fan 1 maaie 305 oant 25 july 306. De namme Kloarus (Chlorus = de Bleke) hat er krigen fan de Byzantynske skiedkundigen. Hy wie de heit fan Konstantyn de Grutte. Konstantius kaam út Illyria en neffens syn pakesizzer Konstantyn II wie de famylje besibbe oan dy fan Klaudius Goatikus.

Oer de jonge jierren fan Konstantius is net folle wis. Hast alle besikbere ynformaasje oer him komt út de Historia Regum Britanniae fan Geoffrey fan Monmouth, wat net in echt betroubere boarne is.

Konstantius wie troud mei Flavia Iulia Helena, dy't ien soan krige. Neidat hja útinoar gongen wienen, troude er yn 289 mei Flavia Maksimiana Teodora. Hja krigen nochris seis bern. Fanwegen syn militêre prestaasjes en syn kundich en behearste regear oer Dalmaasje waard Konstantius op 11 maart 293 troch Diokletianus ta Caesar ûnder Maksimianus beneamd. By de ferdieling fan de provinsjes waarden Galje en Brittanje oan Konstantius tawiisd.

In argenteus fan Konstantius I Khlorus, mei op de oare kant de tetrargen , dy't in offer bringje nei in oerwinning op de Sarmaten.

As Caesar wie Konstantius drok dwaande mei ferskate fjildtochten tsjin alderlei barbaarske stammen en tsjinstanners as usurpators. Yn de simmer fan 293 jeie er de troepen fan de usurpator Karausius, ursurpator fan Grut Brittanje, fuort út Noard-Galje. Nei't Konstantius Boulogne oanfallen hie, wie de posysje fan Karausius sa swak wurden dat syn ponghâlder, Allectus him fermoarde, en syn plak ynnaam. Yn 296 stutsen de troepen fan Konstantius oer nei Grut-Brittanje en koene dêr úteinlik Allectus ferslaan, dy't dêrby om hals rekke. Yn 298 oerwûn Konstantius de Allemannen, in Germaansk folk dat him yn de kriten fan Main ôphâlde.

Under de ferfolging fan de Kristenen yn 303 hold Konstantius him ôfsidich. Dêr't de oare keizers tige strang wienen, beheine hy syn aksjes ta it ferwoastgjen fan in pear tjerken. Op 1 maaie 305 waard Konstantius de nije Augustus (keizer) en Severus II waard syn Caesar. Konstantius stoar lykwols in jier letter yn Eboracum, wylst er op in fjildtocht wie tsjin de Pikten en de Skotten. Severus folge him op as keizer en syn soan Konstantyn de Grutte waard Caesar fan Severus.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Michael DiMaio, Jr., artikel oer Konstantius Kloarus (305-306) yn DIR (1996), (Ingelsk).