Kleaster fan it Teken fan Abalak
Kleaster fan Abalak
Абалакский монастырь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
Katedraal fan it Teken | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | Abalak | |
koördinaten | 58° 07' N 68° 35' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | kleaster | |
boujier | Stifting: 1785 Gebouwen 18e-19e iuw | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7200249000 | |
offisjele webside | ||
abalak-monastery.cerkov.ru |
It Kleaster fan it Teken of Znamenski-kleaster (Russysk: Абалакский Знаменский монастырь; Abalakski Znamenski Monastyr) yn Abalak is in kleaster foar muontsen fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn it bisdom Tobolsk-Tjûmen. It kleaster leit oan de rjochter kant fan de Irtysj yn it doarp Abalak op sa'n 20 kilometer fan Tobolsk.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1636 waard yn Albarak foar de ikoan fan de Mem Gods fan it Teken in houten tsjerke boud. Oan it ein fan de 17e iuw waard op it plak fan de ôfbaarnde houten tsjerke in stiennen tsjerkekompleks yn de styl fan de kozakkebarok boud: de 'Katedraal fan it Teken' (of Znamenski-katedraal) yn de jierren 1683–1691; de 'Nikolaastsjerke' wat letter yn 1748–1750 en de 'Marije fan Egyptetsjerke' mei in klokketoer fan 1752 oant 1759.
De biskop fan it doetiidske bisdom Tobolsk-Sibearje, biskop Varlaam, liet yn 1785 op it plak in kleaster fan de tredde graad stiftsje. Fanút it Epifany-keaster út Perm waard it nije kleaster befolke. Yn de 19e iuw waard noch jimmeroan wurke oan de bou fan it kleaster.
Sûnt 1902 waard it kleaster yndield by de kleasteroarder fan de twadde graad, alhoewol't de kleastermienskip yn dy tiid mar heechút fyftjin bruorren telde. Oan it begjin fan de 20e iuw waard in grutte groep muontsen fan it Valaam-kleaster oerbrocht nei it Kleaster fan it Teken en waard der útein set mei it bybringen fan ambachten oan bern fan lânseigen folken. Ek waarden der lokaasjes iepene, dêr't minsken fergese soarch krije koene.
Yn de jierren 1920 waard archimandryt Arkadi (Gûsev) troch de autoriteiten oppakt fanwegen ferset tsjin de konfiskaasje fan tsjerklik besit. De lêste archimandryt fan it kleaster waard yn 1937 mei de Grutte Terreur deasketten. It kleaster waard yn 1924 sletten. Yn de Sovjettiid hie de NKVD in kamp op it kleasterterrein, dêr't ek de metropolyt fan Kolomna en Krûtitski fêstholden waard.[1] De gebouwen krigen in net-tsjerklike funksje en yn it kleaster waard in kostskoalle ûnderbrocht. De Trije-ienheidstsjerke waard brûkt as garaazje.
It fernielde tsjerkekompleks waard al yn 1989 werom jûn oan it bisdom Omsk-Tjûmen fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en yn 1996 op 'en nij iepene as in kleaster. Letter waard yn de jierren 2011-2012 de nije 'Tsjerke fan de nije Beliders en Martlers' oan it restaurearre kleasterkompleks tafoege.
-
Znamenski-katedraal
-
Nikolaas fan Myratsjerke
-
Marije fan Egyptetsjerke
-
Tsjerke fan de Beliders en Martlers
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Борисоглебский монастырь (Торжок)
|