Springe nei ynhâld

Abalak

Ut Wikipedy
Abalak

Абалак

Bestjoer
Lân Ruslân
oblast Tjûmen
Sifers
Ynwennertal 806 (2010)
Hichte 98 m
Oar
Tiidsône UTC+5:00
Koördinaten 58° 07' N 68° 35' E

Abalak is in doarpke yn it rajon Tobolsk fan de oblast Tjûmen yn Ruslân. It doarp leit 20 km fan de stêd Tobolsk oan de hege kant fan de Irtysj.

Foar de oermastering fan Sibearje wie Abalak in lytse Tataarske stêd. De namme tanket it plakje oan de Tataarske prins Abalak, de soan fan de Sibearyske khan Mar. Op 5 desimber 1584 wie by Abalak in fjildslach tusken Kozakken en de horde fan Mamatkul, dy't de wei foar Jermak Timofejovitsj om Sibearje te feroverjen fierder iepene.

It tsjintwurdige doarp ûnstie yn de 17e iuw. Yn 1636 hie in lokale bewenner fan it doarp mei de namme Marije in fizioen fan de ikoan fan de Mem Gods. Op it plak fan de ferskining waard in tsjerke boud en oan it begjin fan de 18 iuw stie der al in kompleks fan tsjerken, dêr't yn 1783 it Znamenski-kleaster iepene waard.

Tichteby it doarp is neffens de tradysjes fan it âlde Ruslân njonken it kleaster in toeristysk sintrum boud mei in rekonstruksje fan in fort út de tiid fan Jermak's fjildtocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Абалак