Kleaster Marije Engelport
Kleaster Marije Engelport
Kloster Maria Engelport | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
plak | Treis-Karden | |
adres | Flaumbachtal 4, 56253 Treis-Karden | |
koördinaten | 50° 7' N 7° 16' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Trier | |
Ynformaasje bou | ||
boustyl | Neogotyk | |
Webside | ||
Side kleaster | ||
Kaart | ||
It Kleaster Marije Engelport (Dútsk: Kloster Maria Engelport; ek: Porta Angelica, "Ingelenpoarte") leit oan de râne fan de Hunsrück yn 'e delte fan de Flaumbach yn de kontreien fan Treis-Karden yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de skiednis fan it kleaster oant de 13e iuw werom giet, datearret it hjoeddeiske kleaster út it begjin fan de 20e iuw. Op oantrunen fan pastoar Haubrich út Pommern waarden de ruïnes fan it âlde kleaster yn 1903 troch de Dútske provinsje fan de Oblaten fan de Unbeflekte Jongfaam Marije oankocht. Yn 'e jierren 1904-1905 fûn de weropbou fan it kleaster yn neogoatyske styl plak. Foar de doedestiids 60 jier âlde pastoar waard de stifting fan Engelport syn libbenswurk.
It kleaster waard in foarmingssintrum foar misjonarissen yn de Dútske koloanje Súdwest-Afrika (Namybje). Nei de Earste Wrâldkriich tsjinne it oant de jierren 1960 as novisiaat foar de Dútske provinsje fan de Oardemienskip. Bekende oblaten lykas de troch de nazy's ferfolge preesters Friedrich Lorenz en Engelbert Rehling of biskop Rudolf Maria Koppmann, fikarus fan Wynhoeke, waarden yn Engelport yn it oardelibben ynfierd.
Op 8 desimber ferlieten de oblaten it kleaster fanwegen de fergrizing fan de mienskip en benammen ek de hege ûnderhâldskosten fan de gebouwen. Sûnt 2 jannewaris 2014 wenje de yn 2001 yn Eastenryk stifte oarde fan de Oanbiddingssusters fan it Keninklike Hert fan Jezus Kristus (Adoratrices Cordis Regalis Jesu Christi Summi Sacerdotis) yn it kleaster.
Marije Engelport is in beafeartsplak, dêr't Marije en har mem, de hillige Anna, fereare wurde. Boppedat besit it kleaster in relyk fan Eugène de Mazenod, biskop fan Marseille en stifter fan de oarder.
Genedebyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It genedebyld fan Us-Leaf-Frou fan Engelport is in 88 sintimeter heech byld fan Marije mei bern. It byld is út hout snien, foar in part fergulde en datearret út de iere 15e iuw. Wêr't it byld oarspronklik wei komt en wêr't it iuwenlang west hat is net bekend, mar it waard yn Keulen of Mainz makke. Eartiids waard tocht dat it byld, dat yn in sydkapel stiet, troch in ynwenner fan Keulen oan it kleaster jûn waard. It soe mei de opheffing fan it kleaster yn it ramt fan de sekularisaasje troch de abdis mei nei Treis nommen wêze, mar dêr wol men hjoeddedei net mear oan.
Pastoar Haubrich krige it byld fan domfikarus Josef Hulley út Trier en nei de weropbou fan Marije Engelport droech pastoar Haubrich it byld oer oan it kleaster.
Jongfaam, Anna en Jezus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in sydalter stiet in byld fan Anna, Marije en it bern Jezus. It byld datearret út it begjin fan de 16e iuw. Marije wurdt as folwoeksene útbylde, mar hat de grutte fan in bern en wurdt op de earm droegen troch Anna. Ek dat byld kaam út de samling fan de domfikarus fan Trier nei Engelport.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kleaster
-
Ynterieur kleastertsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Maria Engelport
|