Kleaster Heiligengrabe

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kleaster Stift fan it Hillich Grêf

Kloster Stift zum Heiligengrabe

Heiligengrabe, Kloster Stift zum Heiligengrabe, Abtei -- 2017 -- DSC4179.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
regio Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
lânkring Flagge Rhein-Lahn-Kreis.svg Ostprignitz-Ruppin
plak Heiligengrabe
adres Stiftgelände 1
bysûnderheden
type bouwurk Protestantsk kleaster
boustyl Bakstiengotyk
monumintale status Kulturdenkmal
webside Side Kleasterstift Heiligengrabe

It kleaster Heiligengrabe is in earder sistersjinzersk kleaster yn Heiligengrabe de lânkring Ostprignitz-Ruppin yn de Dútske dielsteat Brandenburch. It kleaster waard yn troch markgreve Otto IV yn 1287 stifte. Twa jier letter ûnstie yn 1289 de mienskip fan in abdis en tolve sistersjinzerske nonnen, dy't út Neuendorf (Altmark) ôfkomstich wiene. Sûnt 1317 waard der foar it earst skreaun oer it bestean fan it kleaster. Nei de reformaasje waard it sistersjinzerske kleaster in protestantsk stift.

Bloedwûnder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bloedkapel

De stifting fan it kleaster is neffens in 16e-iuwske leginde ferbûn oan de ûntwijing fan in hosty. Dy ferhellet dat in joad in hosty stellen hie út de tsjerke fan Techow en de hosty dêrnei ûnder in galge begroef, it plak dêr't tsjintwurdich de Hillich-Grêfkapel (Bloedkapel) stiet. Fan dêr ek de namme Heiligengrabe. De joad krige dêrby lykwols bloed oan syn hannen en it slagge him net om it der wer ôf te waskjen. Dêrtroch kaam syn misdied út, hy waard oanholden en dêrnei rêdbraakt. De hosty waard wer opgroeven en soarge foar in grut tal fan mirakels. De leginde waard foar it earst yn 1516 printe yn it Latyn en yn 1521 ferskynde der ek in Nederdútske útjefte, yllustrearre mei 15 houtgravueres.

Ferwizings nei of âldere boarnen oer it bestean fan dy leginde binne ûnbekend. It soe hiel goed kinne dat de leginde yn it ramt fan de kontrareformaasje betocht waard, om sa de beafeart, der't Maarten Luther nea mei op hie, dochs wer oantrún te jaan. Hoe dan ek, abdis Anna von Rohr liet op basis fan de houtgravueres foar de yn 1512 ynwijde Hillich-Grêf kapel skilderijen meitsje en der ûntstie in grutte stream pylgers nei it plak dêr't de hosty neffens it ferhaal ea begroeven wie. Fan de skilderijen binne noch sân bewarre bleaun, dy't yn it kleastermuseum te sjen binne.

Reformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plattegrûn

Karfoarst Joachim II fierde yn it jier 1539 de reformaasje yn Brandenburch yn. De nonnen ûnder lieding fan abdis Anna fan Quitzow en priores Elisabeth fan Alvensleben wegeren de nije lear oan te nimmen en ferlieten it kleaster. Hja kamen in jier letter werom, mar oan de bloei fan it kleaster wie in ein kommen en it katolike kleaster waard lang om let omset yn in protestantsk damesstift. Sûnt 1552 waard in kleasterhaadman ynset, dy't ferantwurdlik wie foar de ekonomyske ûntjouwing fan it kleaster. Mei in skinking fan al it wurk fan Maarten Luther waard de basis lein foar in kleasterbibleteek.

Sûnt de Tritichjierrige Kriich waard it kleaster net mear laat troch in abdis, mar troch in domina. It kleaster waard yn dy tiid yn 'e brân set en tusken 1636 oant en mei 1648 stie it leech. Under lieding fan domina Anna von Tathenow waard it wer iepene en funksjonearre it jimmeroan mear as in fersoargingshûs foar aadlike famkes sûnder tafersjoch. Hja koene harren ynkeapje en krigen dan yn it stift in foar dy tiid poerbêste oplieding.

Sekularisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynwijing fan in stiftsfrou yn 1862

Troch de ôfskaffing fan it liifeigendom yn Prusen yn 1811 en it kwytreitsjen fan alle ûnder it kleaster fallende doarpen rekke it stift in grut part fan de besittings en ynfloed kwyt. It kleaster krige oan de oare kant mear taken en easken foar dat doel ek passende foarsjennings. It hûs fan de kleasterhaadman waard yn 1838 renovearre en sa ek de Bloedkapel, sûnt de reformaasje in nôtskuorre. Yn 1847 waard yn it kleaster in ûnderwiisynstelling foar famkes út de ferearme adel stifte, in weeshûs folge. Nei't kening Freark Willem IV yn 1853 de ferantwurdlikens foar it stift oerdroech oan de Tsjerke kaam de klam wer mear te lizzen op de spirituele aspekten en tradysjes. De soarch foar âlderen, siken, wezen en earmen bleaune in fêst ûnderdiel yn de aktiviteiten fan it kleaster.

Armgard von Alvensleben

Sûnt it begjin fan de 20e iuw befoarderde in nije abdis de maatskiplike oriïntaasje fan de kleasteraktiviteiten. Yn 1909 waard yn de súdlike fleugel fan it kleaster in museum ynrjochte, sadat it kleaster ek foar de bûtenwrâld iepensteld waard. It museum waard tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich sletten en de kolleksje rekke ferspraat oer letter stifte musea yn 'e regio.

De opkomst fan it nasjonaalsosjalisme brocht it kleaster yn konflikt mei de nije machtshawwers, dy't in skoalle mei fral aadlike famkes as réaksjonêr beskôgen en ynfloed útoefenje woene op de learynhâld. Tanksij de kontakten fan de doedestiidske abdis Elisabeth von Saldern yn hegere sosjale en oerheidsrûnten slagge it har om in sluting fan de skoalle en in folsleine sekularisaasje fan de learynhâld tefoarren te kommen. Nei de dea fan de abdis yn 1938 folge Armgard von Alvensleben har op en ek hja hold it nasjonaalsosjalistyske steatsûnderwiis bûten it kleaster.

Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich ferlieten jimmeroan mear skoallefamkes it kleaster om nei harren famylje te gean. Ein april 1945 ferlieten de abdis mei de lêste acht famkes los fan inoar it kleaster foar in flecht nei West-Dútslân. Nei't de Sovjet-besetter it kleaster foar in jier brûkt hie, waarden de gebouwen op 'e nij befolke troch ferdreaune diakonessen út Opper-Sileezje, dy't de soarch foar wezen, beheinden en âldere oardersusters wer oppakten. Yn de jierren 1960-1990 fûn der nijbou plak om de wensitewaasje te ferbetterjen.

21e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1998 sette in grutte restauraasje en renovaasje fan it hiele kompleks útein.

De organisaasje fan eveneminten, konferinsjes en konserten yn it kleaster meitsje it foar de lytse kleastermienskip mooglik om harren gebouwen te ûnderhâlden. Yn it hûs fan de haadman is wer in museum iepene oer de skiednis fan it kleaster. De útstalling Preussens FrauenZimmer sette yn 2001 in rige fan bysûndere útstallings útein.

It Deutsches Nationalkomitee für Denkmalschutz ferliende de abdissen yn 2016 foar harren krewearjen ta behâld fan it kleaster de Dútske priis foar monumintesoarch.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stiftstsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kleastertsjerke

De âldste gebouwen binne de tsjerke en de eastlike fleugel fan it kleaster. Yn dy fleugel wie de kapittelseal op de flier en dêrboppe it dormitoarium fan de nonnen.

De kleastertsjerke hat lykas wenst foar de sistersjinzerske styl gjin toer en datearret út de 13e iuw. It is in seis traveeën tellende sealtsjerke mei in krúsribferwulft. Yn it easten einiget de tsjerke mei in 5/8 koerôfsluting mei lansetfinsters. Oan de muorren steane meardere grêfplaten út de 17e en 18e iuw.

Maaswurk, friezen en read en swart glazuere bakstiennen fersiere de goatyske foarmen mei in trepgevel yn it westen en in spitsbôgeportaal. Yn de westlike fiif traveeën siet oarspronklik in houten nonnengalerij út de boutiid fan de tsjerke, nei alle gedachten mei in direkte tagong ta de westlike kleasterfleugel mei sliepsellen, in refektoarium en de keuken. Sûnt de 19e iuw is dêr in westlike galerij, dy't twa traveeën beslacht.

Brannen yn 1636 (Tritichjierrige Kriich) en 1719 lieden ta feroarings. Sa moast nei de 17e-iuwske brân de nonnengalerij ôfbrutsen wurde en yn it plak dêrfan waard de oargelgalerij boud. It oargelfront datearret fan 1725 en is fersierd mei fykwurk. It ynstrumint waard yn 1726 boud troch David Baumann en hat 14 registers op twa manualen en pedaal. Yn de jierren 1956 en 1960 restaurearre Schuke Orgelbau it oargel, wêrby't nije tongeregisters ynboud waarden.

Under de oargelgalerij is in romte mei seis fan de sân bewarre panelen út 1532 mei foarstellings fan de stiftingsleginde.

Yn de tsjerke stiet in fleugelalter, in ienfâldich doopfont en in neogoatyske preekstoel. It alter stamt nei alle gedachten út de jierren 1420-1430. Sintraal stiet in Marijefoarstellings en op de fleugels wurde apostels útbylde. De frijsteande houten klokkestoel datearret út it earste fearn fan de 20e iuw.

Hillich Grêfkapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hillich Grêfkapel waard yn 1512 wijd en is in ienskippige en fjouwer traveeën lange sealtsjerke mei in stjerferwulft. It is de beafeartstsjerke dy't neffens de leginde op it galgenfjild boud waard dêr't de hosty begroeven wie.

Yn de rin fan de iuwen wie de kapel brekfallich woarn en oan it begjin fan de 20e iuw fûn ûnder lieding fan Johannes Otzen in restauraasje plak. De tsjerke hat in neogoatyske ynrjochting mei beskilderings oan de eastlike kant dy't fertelle oer de stifting fan it kleaster en de reformaasje.

By it oanlizzen fan flierferwaarming kamen yn 1986 de resten fan in 13e-iuwske foargonger foar it ljocht. Dêrby waard ek in nei it westen ta iepen bakstiennen ferwulft ûntdutsen, werfan't tocht wurdt dat dat it oarspronklike hillige grêf fan de hosty west hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.