Springe nei ynhâld

Klûsewier

Ut Wikipedy
Kaart fan Smellingerlân mei Klûsewier besuden de Wide Ie

Klûsewier wie in delsetting op in terpke likernôch ien kilometer beëasten de Feanhoop en sa'n 250 m. besuden de Wide Ie, yn de gemeente Smellingerlân, tichtby it plak dêr't no de wynmotor De Feanhoop stiet.

Op de 19e-iuwske kaart fan Eekhoff wurdt op it plak fan Klûsewier noch in terpke oanjûn, mar de sekuere Topografyske en Militêre Kaart (TMK) fan 1851/55 lit op dat plak neat sjen.

Yn 1976 waard it eardere terpke yn it ramt fan de ruilferkaveling 'Boarnburgum' archeologysk ûndersocht. Neist de pealgatten fan twa pleatsen út de 10e- of 11e iuw waarden doe ek de fûneminten fan in stiennen tsjerkje, op in sânfûnemint yn it fean, bleatlein. Argeolooch Gilles Jan de Langen datearre de tsjerke op om 1100 hinne. Teffens waarden inkelde grêven út de 11e of 12e iuw fûn, in stikmannich putten en in protte potdiggels fan Pingsdorf-ierdewurk.

De stiennen tsjerke wiist op in selsstannich doarp, it earste tsjerkedoarp fan Smellingerlân, mei grif mear pleatsen dêrta dan de twa dy't by it ûndersyk fûn binne. Ynklinking fan fean, sâltwinning út leechfean en tichtslykjen fan de Middelsee sille de oarsaak west hawwe fan it hieltyd wieter wurden fan dizze kontrei en it ferlitten fan dit doarp yn de 12e of 13e iuw. Dit gebiet kaam doe ûnder dat fan Boarnburgum dat faaks troch migraasje fan west nei east ûntstien is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. J. de Langen, Middeleeuws Friesland (1992). Side 113-124: ferslach ûndersyk 1976.
  • Yuri van Koeveringe, Archeologie in Fryslân: Van wildernis tot Smallingerland (diel 8). Uniepers Utjouwers