Springe nei ynhâld

Keninginne-mem

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kening-heit)
De Britske keninginne-mem silger, Elizabeth Bowes-Lyon (1900-2002), de mem fan keninginne Elizabeth II.

In keninginne-mem is in keninginne-dûairiêre (d.w.s. de widdo fan in regearjende kening), dy't de mem is fan 'e hjoeddeistige regearjende kening of keninginne. Dit ferskynsel is benammen bekend út it Feriene Keninkryk. Dêr wie Elizabeth Bowes-Lyon fan 1936 oant 1952, as de oarehelte fan kening George VI, keninginne-gemalinne. Doe't har man yn 1952 kaam te ferstjerren en opfolge waard troch harren dochter Elizabeth II, waard Elizabeth Bowles-Lyons dêrtroch de keninginne-mem, wat se fyftich jier lang bleau, oant har dea yn 2002.

De titel 'keninginne-mem' komt lykwols yn 'e measte monargyen foar, sawol yn as bûten Jeropa. Yn in keizerryk (lykas Japan) sprekt men yn sa'n gefal fan in keizerinne-mem. Der bestiet fierders in ferskil tusken in keninginne-mem en in ('gewoane') mem fan 'e keninginne: de titel makket nammentlik ûnderskie tusken eardere keninginnen-gemalinne en oare froulju dy't de mem fan in regearjend monarch binne. Sa wie prinsesse Fiktoaria fan Saksen-Coburg-Saalfeld, bygelyks net de keninginne-mem fan it Feriene Keninkryk, hoewol't se wol de mem wie fan 'e Britske keninginne Fiktoaria. Oer it algemien is 'keninginne-mem' in hoflikheidstitel dêr't gjin wetlik fêstleine rjochten of plichten oan ferbûn binne.

Anno 2018 binne der yn Jeropa twa keninginnen-mem: Paola fan Belgje (sûnt 2013) en Sofia fan Spanje (sûnt 2014). Nederlân is op dit mêd in útsûndering om't de term 'keninginne-mem' hjir net brûkt wurdt: Beatrix, dy't yn 2013 ôfstân die fan 'e troan yn it foardiel fan har soan, kening Willem-Alexander, is yn 'e Nederlânske sitewaasje ekwivalint oan in keninginne-mem, mar krekt as har mem Juliana en har beppe Wilhelmina keas hja derfoar om nei har troansôfstân ynstee de titel 'prinsesse' wer oan te nimmen. De lêste keninginne-mem dy't Nederlân koe, wie Emma fan Waldeck-Pyrmont, de oerbeppe fan Beatrix, dy't dy titel fan 1890 oant 1934 fierde, nei't se widdo wurden wie fan kening Willem III. De iennichste oare keninginne-mem út 'e skiednis fan Nederlân wie Anna Paulovna fan Ruslân, de widdo fan Willem II en mem fan Willem III, dy't de titel fierde fan 1849 oant 1865.

It tsjinstelde fan in keninginne-mem, in kening-heit, wurdt ornaris net sa neamd. Yn Belgje soe bgl. de eardere kening Albert II sa'n titel fiere kinne, en yn Spanje de eardere kening Juan Carlos. Dy hawwe allebeide ôfstân dien fan 'e troan yn it foardiel fan in soan. Hja hawwe lykwols gewoan de titel 'kening' holden. Yn Aazje wurde abdisearre keningen soms wol oantsjut as 'kening-heit'. Dat wie bygelyks it gefal mei kening Norodom Sihanouk fan Kambodja. En de eardere kening Jigme Chingye Wangchuk is (anno 2018) de kening-heit fan Bûtan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.