Springe nei ynhâld

Keldby Kirke

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Keldby

Keldby Kirke

Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
regio Sjælland
gemeente Vordingborg
plak Keldby
adres Præstegårdsstræde 6, 4780 Stege
koördinaten 54° 59'N 12° 20'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
Arsjitektuer
boujier 1200-1250
boustyl Romaanske en goatyske arsjitektuer
Webside
Side Keldby Kirke
Kaart
Keldby Kirke (Denemark)
Keldby Kirke

De Tsjerke fan Keldby (Deensk: Keldby Kirke) is in tsjerke yn Keldby op it eilân Møn yn Denemark.

De âldste dielen fan de tsjerke, it skip en it koer, waarden tusken 1200 en 1250 boud. Om 1480 waarden yn de tsjerke ferwulften oanbrocht en it koer ferhege mei lagen kalkstien.

De toer is letgoatysk en hat in sealtek mei trepgevels mei smelle bline nissen. In lytse sakristy waard om 1700 tafoege.

De tsjerke fan Keldby is ien fan de tsjerken dy't nei alle gedachten tsjin it ein fan de 15e iuw troch de master fan Elmelunde (Deensk: Elmelundemesteren) mei fresko's beskildere waard. De tsjerke hat ek noch âldere fresko's, dy't út likernôch 1275 datearje. De fresko's út it koer stamme út de jierren 1600.

It letgoatyske fleugelalter hat as sintraal byld de apostel Andréas; de preekstoel stamt út 1586.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Keldby Kirke