Springe nei ynhâld

Kaukasusboskmûs

Ut Wikipedy
Kaukasusboskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus hyrcanicus
Vorontsov, Bojeskorov & Mezjerin, 1992
IUCN-status: te min gegevens

De Kaukasusboskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus hyrcanicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn súdeastlik Azerbeidzjan en noardlik Iraan, yn in bercheftich biotoop, oant op 1.830 m hichte.

De Kaukasusboskmûs is de iennichtste boskmûzesoarte yn syn wengebiet. Hy is it naust besibbe mei de lytse boskmûs (Apodemus uralensis). De Kaukasusboskmûs waard oarspronklik, yn 1992, identifisearre yn Azerbeidzjan, mar letter ek yn Iraan ûntdutsen. It is mooglik dat syn ferspriedingsgebiet him eins útstrekt oant yn súdwestlik Turkmenistan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.