Springe nei ynhâld

Katedraal fan de Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije (Moskou)

Ut Wikipedy
Katedraal fan de Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Malaja Grûzinskaja Ul., 27/13
koördinaten 55° 46' N 37° 34' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
arsjitekt Tomasz Bohdanowicz-Dworzeck
boujier 1901-1911
boustyl neogotyk
monumintale status monumint fan stêdebou en arsjitektuer
monumintnûmer 7710184000
Webside
catedra.ru
Kaart
Katedraal fan de Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije (Moskou)
Katedraal fan de Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije

De Katedraal fan de Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije (Russysk: Собор Непорочного Зачатия Пресвятой Девы Марии) is in neogoatyske tsjerke yn it sintrum fan Moskou. De katedraal falt ûnder it aartsbisdom Mem Gods fan Moskou en wurdt troch de Moskoviten sljochtwei 'de katolike tsjerke' neamd. It is ien fan 'e twa roomske tsjerken fan Moskou en de grutste roomske tsjerke fan 'e hiele Russyske Federaasje. De katedraal is in ûntwerp fan Tomasz Bohdanowicz-Dworzecki en tsjinne as de parochytsjerke fan 'e Poalske mienskip.

Yn 1938 waard de tsjerke yn opdracht fan it kommunistyske bewâld sletten. Hast 60 jier bleau de tsjerke sletten, mar nei jierren ûnderhanneljen krige it gebou yn 1996 de oarspronklike funksje werom. De tsjerke waard yn 2001 nei in tige yngreven restauraasjes resp. rekonstruksje op 'e nij ynwijd. Sûnt 2002 hat de tsjerke de status fan katedraal.

Yn 'e katedraal wurde regelmjittich missen fierd yn it Russysk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Armeensk en Latyn. Oan 'e katedraal is in bibleteek, in Caritaskantoar en it tydskrift "De Katolike Boade, it ljocht fan it Evangeleelje” ferbûn. De katedraal is in monumint fan federaal belang.

It heechalter.

Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw wiene der yn Moskou twa roomske tsjerken: de Sint-Loadewyktsjerke foar de Frânske mienskip en de Petrus- en Paulustsjerke foar de Poalske mienskip. De Poalske mienskip groeide ta sa'n 30.000 parochianen en de besteande tsjerke wie fierstente lyts. Yn 1894 waard dêrom besletten fergunning oan te freegjen foar de bou fan in nije tsjerke. Der waard tastimming jûn, mar ûnder it betingst dat de tsjerke in ein út it sintrum en net tichteby in otterdoks hillichdom stean mocht. In oar betingst wie dat de tsjerke gjin hege tuorren ha mocht. Op 16 maaie kocht de Poalske mienskip oan 'e râne fan 'e stêd in lape fan 10 hektare grûn, dat yn dy tiid noch omfieme wie mei fjild en túnbou. Hjoed-de-dei stiet de tsjerke yn in gebiet dat ta it sintrum fan de stêd rekkene wurdt.

It ûntwerp foa de nije tsjerke wie fan 'e Russyske arsjitekt fan Poalske komôf, Tomasz Bohdanowicz-Dworzecki. De earste stien waard yn 1899 lein en de bou duorre oant 1911. Njonken de Poalske mienskip holpen ek oare katolike mienskippen út binnen- en bûtenlân mei oan it beteljen fan 'e bou. De tsjerke waard op 21 desimber 1911 ynwijd. Net alles fan it ûntwerp waard ek realisearre. Sa waarden net alle pinakels útfierd; dy waarden mooglik foar it earst by de restauraasje fan 1999 tafoege.

Tusken 1911 en 1917 waard ek jild ynsammele foar de ynrjochting, dat lykwols útsein it heechalter ienfâldich bleau.

De Marijekatedraal yn 1911.

Sûnt 1929 wie it ferbean om noch missen yn 'e tsjerke op te dragen. Foar de bou fan in skoalle waard in grut stik fan 'e grûn ûnteigene. De tsjerke waard op 30 july 1938 sletten. Itselde wie al earder bart mei de Petrus- en Paulustsjerke. Dêrnei waard de tsjerke plondere, wêrby't it heechalter en it oargel ferlern gyngen. It gebou waard dêrnei as grientemerk brûkt en wat letter ferboud ta wenningen.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de spits fan 'e krusing ôfbrutsen, wylst nei de oarloch op it eardere tsjerketerrein boud waard. By in brân yn 1956 stoarte de koepel yn en moasten de hierders ferhûzje. In ûndersykynstitút brûkte it gebou dêrnei, mar it ferfal wie doe al slim. Yn 1976 woe de stêd de tsjerke renovearje om der in konsertseal yn te meitsjen, mar dat stjitte op wjerstân fan it ûndersyksynstitút.

De katedraal foar de renovaasje.

De Moskouse katoliken en harren kulturele feriening fregen yn 1989 foar it earst harren tsjerke werom. it waard op 8 desimber foar it earst sûnt 60 jier tastien wer in misse te fieren en dat barde op 'e treppen fan 'e eardere tsjerke. Hûnderten minsken stiene dêr yn 'e winterkjeld te bidden foar de weromjefte fan 'e tsjerke. De misse waard troch de Poalske preester Tadeusz Pikus opdroegen.

In groep katoliken stifte yn 1990 formeel de parochy fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije op. Paus Jehannes Paulus II rjochte yn 13 april 1991 mei de Apostoalyske Konstitúsje Providi quae de Apostoalyske Administrateur foar it Jeropeeske Ruslân op. En doe gie alles mei faasje. Al yn 'e simmer fan 1991 waarden alle sneinen yn 'e tún fan 'e tsjerke missen fierd. In preester waard beneamd en der waard in begjin makke mei katolyk ûnderwiis, katolike earmesoarch en katolike sikesoach.

Op 1 febrewaris 1992 ûndertekene lokoboargemaster Joeri Lûzjkov it beslút om it gebou fasearre, mar op it lêst yn twa jier tiid werom te jaan oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. It ûndersykynstitút makke lykwols gjin risselwaasjes om in oare lokaasje te finen en bleau ek nei de deadline yn it gebou. Doe gyngen de katoliken it gebou yn en besetten in diel fan de bedriuwsromte. Mei help fan 'e autoriteiten kaam der in kompromis: de parochy mocht yn in aparte, provisoarysk ynrjochte romte missen fiere.

Op 7 maaie ûntstie der wer striid doe't parochianen in skiedingswand delhellen en oaren op eigen manneboet it tek fan 'e romte sloopten. It ynstitút helle de plysje der by en der folge in konfrontaasje wêrby in non ferwûne rekke en in preester en in seminarist oppakt waarden. In dei letter wiene se al wer frij. Doe skreau de apostoalysk administrator Tadeusz Kondrusiewicz in iepen brief oan president Boris Jeltsin oer de sitewaasje fan 'e tsjerke. Dat smiet in nij ultimatum fan de yntusken boargemaster Joeri Lûzjkov oan it ynstitút op. It ynstitút moast op it lêst yn 1996 it gebou frij opleverje. Undertusken easke it ynstitút by de autoriteiten in skeafergoeding fan de parochy. Yn in petear mei de plakferfangende Moskouse boargemaster Aleksander Musykantski op 15 maart 1995 waard de Poalske ambassadeur Stanisław Ciosek tasein dat it gebou noch itselde jier oerdroegen wurde soe oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Nei 't noch in ultimatum op 2 novimber 1995 fan Joeri Lûzjkov troch it ûndersyksynstitút negeard waard, namen de parochianen it rjocht yn eigen hân en begûnen se mei it romjen. Direkteur Jevgeni Afanasjev besocht op 'e nij de plysje der by te heljen, mar dy woe der net mear yn om reagje en dêrom fersocht de direkteur de preester om noch twa wiken útstel. Op 13 jannewaris levere it ûndersyksynstitút it gebou op. Op 2 febrewaris 1996 krige it aartsbisdom de tastimming om de tsjerke foar ûnbepaalde tiid te brûken.

Ynterieur.

Oan 'e oerdracht fan 'e tsjerke wie it betingst ferbûn dat de restauraasje op eigen kosten barre moast. Tusken 1996 en 1999 waard de tsjerke mei stipe fan 'e Poalske ûndernimming EnergoPol en de Dútske katolike feriening "Renovabis" restaurearre. Ek it Russyske regear joech lang om let yn 1999 noch jild foar de renovaaasje.

Op 12 desimber 1999 waard de tsjerke feestlik weriepene en troch kardinaal–staatssekretaris Angelo Sodano wijd.

Oargel.

It oargel fan 'e katedraal is mei 74 registers, fjouwer manualen en 5563 pipen ien fan 'e grutste oargels yn Ruslân. It is it tredde oargel fan 'e katedraal.

It oarspronklike oargel gie by de plondering yn 1938 ferlern. Nei de renovaasje yn 1999 krige de tsjerke in elektronysk oargel mei 60 registers, in skinking fan de Amerikaanske organisaasje "Aid to the Church in Russia". It hjoeddeiske oargel is skonken troch de grifformearde Munstertsjerke fan Basel, dêr't it yn 2002 útboud waard. It troch de oargelboufirma Th. Kuhn AG út it Switserske Männedorf yn 1955 boude oargel waard troch in Dútske oargelboufirma út Kaufbeuren nei Moskou brocht en dêr yn 'e katedraal opboud. De pipen fan ien register fan in oargel út 1850 moasten lykwols fanwegen de monumintale wearde yn Switserlân bliuwe; yn 2009 waard op it plak fan it ûntbrekkende register in nij register tafoege.

Op 16 jannewaris 2005 waard it oargel troch aartsbikop Tadeusz Kondrusiewicz by in misse ynwijd en dêrnei folge in iepeningskonsert fan it Earste Ynternasjonale Festival fan 'e Oargelmuzyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale der Unbefleckten Empfängnis (Moskau)