Springe nei ynhâld

Katedraal fan de Ferlossing fan it Folk

Ut Wikipedy
Katedraal fan de Ferlossing fan it Folk
Catedrala Mântuirii Neamului
Lokaasje
lân Roemeenje
plak Bûkarest
adresCalea 13 Septembrie
Arsjitektuer
boujier2010-2025
boustylNeobyzantynsk
hichte135 m
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan de Ferlossing fan it Folk (Bûkarest)
Katedraal fan de Ferlossing fan it Folk

De Katedraal fan 'e Ferlossing fan it Roemeenske Folk of de Nasjonale Katedraal fan Roemeenje (Roemeensk: Catedrala Mântuirii Neamului Românesc of Catedrala Națională) is in katedraal fan 'e Roemeensk-Otterdokse Tsjerke yn 'e Roemeenske haadstêd Bûkarest. De 127 m hege katedraal (135 m ynklusyf it koepelkrús)ferfangt de folle lytsere en âldere Konstantyn en Helenakatedraal as patriargale tsjerke en waard yn 2025 foltôge. De bou duorre 15 jier en koste 270 miljoen euro.[1]

It idee om in nasjonale katedraal te bouwen ûntstie nei de Roemeenske Unôfhinklikheidskriich fan 1877-1878. De nije tsjerke moast de oerwinning fan 'e otterdoksy op 'e Ottomaanske besetters symbolisearje, mar fan 'e bou kaam nea wat telâne, om't se it net iens wurde koene oer it ûntwerp, de lokaasje of de finansiering. Kening Ferdinand stjoerde yn 1920 in brief oan aartsbiskop Miron Cristea om it projekt te stypjen, mar de brief helle neat út. Nei't de Roemeensk-Otterdokske Tsjerke in ûnôfhinklik patriargaat waard stelde Cristea de lokaasje Carol Park út foar de bou, mar it waard it Bibescu Vodă-plein, dêr't yn 1929 as tarieding foar de bou in krús oprjochte waard. In tekoart oan sinten makke dat de bou útsteld waard en fan it útstel kaam ôfstel.

De katedraal yn oanbou (2023).

De winsk ta de bou fan 'e Katedraal fan 'e Ferlossing fan it Folk waard wer oppakt troch de ferstoarne patriarch Teoctist I. Foar de bou fan 'e nije katedraal stelde it Roemeenske regear 11 hektare grûn beskikber fuort by it Parlemintspaleis en op 15 desimber 2010 waard in begjin makke mei de bou.

De katedraal jout oan 5000 leauwenden plak. It is dêrmei ien fan 'e grutste otterdokse tsjerken fan 'e wrâld. Dêrnjonken besit it gebou noch twa grutte multyfunksjonele hallen, dy't elk plak jout oan 1000 minsken, twa hotels foar pylgers en in restaurant foar 1.000 minsken.

De nije katedraal is ûntwurpen om ierdskoddings fan 8,5 op de skaal fan Richter te wjerstean en waard op snein 25 novimber 2018 troch Bartholomeus I fan Konstantinopel ynwijd. De nije katedraal is opdroegen oan de Himelfeart fan Kristus en de apostel Andréas.

Yn 2025 waard de yn neobyzantynske styl boude katedraal offisjeel iepene.

It ûntwerp fan de katedraal op in Roemeenske postsegel 2015.

De nije katedraal fersjintwurdiget eleminten fan arsjitektoanyske details út alle Roemeenske provinsjes en gebieten. It is de bedoeling dat der yn 'e katedraal 10.000 minsken stean kinne en it hiele kompleks sa'n 125.000 besikers ûntfange kin op in oerflak fan 11 hektare.

It ynterieur fan 'e katedraal mjit 126 meter lang, 69 meter breed en 125 meter heech. It haadgebou hat trije ferdjippings en wurdt mei 135 meter hichte de grutste koepelkatedraal (ynklusyf it krús) fan 'e wrâld. De earste twa ferdjippings foarmje in grutte seal mei in hichte fan 11 meter foar 3.000 steanplakken. It grûnoerflak is grutter en mjit 152 meter by 92 meter. It is ornearre foar in grutte hal, sealen en romten foar eveneminten, in winkel foar religieuze saken, in útstalling, in refter, in atelier, in museum, persoanielsromten en mear sa. It sûterrên ferwynt oant 22 meter ûnder de grûn.

De klokken ha njonken fiif lytsere klokken de grutste liedklok fan 'e wrâld. Mei in gewicht fan 25.190 kg is de klok grutter as de Petrusklok fan 'e Keulske Dom. De op in hichte fan 65 meter hingjende klok waard op 11 novimber troch Grassmayr getten yn Innsbruck.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Romanian People's Salvation Cathedral