Patriargale katedraal fan Boekarest

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Patriargale katedraal fan Boekarest
Romanian Patriarchal Cathedral (29705187465).jpg
lokaasje
lân Flag of Romania.svg Roemeenje
plak ROU Bucharest CoA.png Bûkarest
adres Aleea Dealul Mitropoliei 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Fanôf de 17e iuw

De Roemeensk-Otterdokske Patriargale Katedraal is in oan de hilligen Konstantyn en Helena wijde katedraal yn Bûkarest, Roemeenje (Roemeensk: Catedrala Patriarhală Sf. Împărați Constantin și Elena). It is de katedraal fan de partriarch fan de Roemeensk-Otterdokske Tsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske katedraal ûntstie as in part fan in kleaster, dat Konstantyn Șerban Basarab, foarst fan Walachije, yn it jier 1656 stifte. Twa jier letter waard de katedraal ynwijd. Wer in pear jier letter waard it kleaster de sit fan de metropolyt fan Bûkarest.

Fresko's

Yn 1925 krige de Roemeensk-Otterdokske Tsjerke de status fan in patriargaat en de tsjerke fan de metropolyt krige dêrmei de funksje fan in patriargale katedraal. It wie doe noch it doel om letter in gruttere katedraal te bouwen. Ynstee dêrfan waard de besteande katedraal restaurearre, nei it westen ta oriïntearre en riker ynrjochte. Yn de jierren 1960 waard de katedraal neffens it foarbyld fan de katedraal fan Argeș wer safolle mooglik yn de oarspronklike steat werombrocht.

Yn 2010 waard yn de omjouwing fan it Parlemintspaleis útein set mei de bou fan in folle gruttere katedraal, de Katedraal fan de Ferlossing fan it Folk. De katedraal waard yn 2018 yn oanwêzigens fan tûzenen Roemenen ynwijd en tsjinnet as de nije patriargale katedraal fan de Roemeensk-Otterdokske Tsjerke.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal is oarspronklik in sintraalbou mei in koepel op in plattegrûn fan in gryksk krús. Oan de westlike kant is in ferlinging mei in foarbou mei noch in haadkoepel en lytsere koepels en in mei mozayken fersierde narteks. It rike ynterieur mei ikoanen, fresko's en fykwurk datearret út alle iuwen fan de skiednis fan de katedraal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Patriarchalkathedrale von Bukarest