Springe nei ynhâld

Katedraal fan Salford

Ut Wikipedy
Kathedraal fan Salford

Cathedral Church of St. John the Evangelist

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Grut-Manchester
plak Salford
koördinaten 53° 29' N 2° 15' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk Katolike Tsjerke
bisdom Salford
patroanhillige Jehannes de Evangelist
Arsjitektuer
arsjitekt Matthew Ellison Hadfield
boujier 18441848
boustyl neogotyk
hichte 73,2 meter
monumintale status Grade I listed building
monumintnûmer 1386115
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Salford (Grut-Manchester)
Katedraal fan Salford

De Sint-Jehannes de Evangelistkatedraal (Ingelsk: Cathedral Church of St. John the Evangelist), of sljochtweihinne de katedraal fan Salford, is in katedraal oan 'e Chapel Street yn Salford, Ingelân en de haadtsjerke fan it roomske bisdom Salford. De monumintale tsjerke waard boud yn 'e decorated neogoatyske styl.

De tsjerke waard tusken 1844 en 1848 boud neffens it ûntwerp fan Matthew Ellison Hadfield (1812–1885). It ûntwerp foar de Jehannestsjerke, de earste krúsfoarmige katolike tsjerke yn Ingelân dy't sûnt de reformaasje boud waard, is in gearstalling fan in tal besteande midsiuwske tsjerken. Sa binne de súdlike gevel en it skip kopyen op lytsere skaal fan 'e Petrus en Paulusmunster yn Howden en is it koer en de krusing beynfloede troch de abdij fan Selby. Foar de toer en de spits stie de Sint-Marije Magdalenatsjerke fan Newark-on-Trent model en de dekoraasjes oan it krúsferwulft binne replika's fan de Sint-Jakobustsjerke yn it Belgyske Luik.

Koer nei it noarden ta.

De earste stienlizzing fan 'e tsjerke, dy't oars as tradisjoneel ynstee fan in eastlike in noardlike oriïntaasje hat, fûn plak yn 1844 en op 9 augustus 1848 waard de tsjerke mei in plechtige misse iepene. De Jehannestsjerke krige yn 1852 de status fan katedraal foar it yn septimber 1850 stifte bisdom Salford. Dêrmei waard de tsjerke ien fan 'e earste katolike katedralen yn Ingelân en Wales sûnt de Ingelske reformaasje. Tritich jier letter besoarge in fûle oktoberstoarm yn 1881 grutte skea oan 'e 73,2 meter hege spits. It slagge om dêrnei genôch jild byinoar te sammeljen om de spits en de tsjerke te renovearjen. En waard yn 1884 tusken it koer en it eastlike transept de nije kapel fan it Hillich Sakramint oanboud.

Mei it ôfbeteljen fan 'e lêste £ 1.000 fan 'e oarspronklike skuld foar de bou waard noch yn itselde jier de katedraal troch Herbert Vaughan, de twadde biskop fan Salford en lettere aartsbiskop fan Westminster, konsekrearre.

Yn 1924 waard oan it westlike transept en it koer ta neitins fan de slachtoffers fan de Earste Wrâldkriich in kapel tafoege. In restauraasje om de skea fan de Twadde Wrâldkriich wer te ferhelpen fûn fuort nei de oarloch plak.

Yn 'e jierren 1970 waard yn neifolging fan it Twadde Fatikaansk Konsylje in nij folksalter ûnder de krusing oanlein. It koer waard yn 1988 op 'e nij ynrjochte, wêrby't it stiennen alter mei it retabel út 1853-1855 ferwidere waard.

Yn it ramt fan it 150-jierrich jubileum krige it westlike raam yn 1994 in nij glês-yn-leadraam. It stelt yn in abstrakte foarm de krusige Kristus mei Marije en Jehannes foar. It raam fan 'e noardlike ôfsluting fan 'e katedraal datearret noch út 1856 en fertelt oer de skiednis fan it katolike kristendom yn Ingelân, fan 'e bekearing fan Ethelbert troch Sint-Augustinus yn 597 oant it herstel fan 'e katolike hiërargy yn 1850.

Yn 2007 waarden de spits en de súdlike gevel restaurearre, folge troch reparaasjes yn 2018 om in ein te meitsjen oan 'e lekkerij yn ' tsjerke.

It earste oargel fan 'e katedraal wie in fjouwermanualich ynstrumint út 1887 fan W.E. Richardson yn it westlik transept. It twadde oargel wie in eksperimenteel ynstrumint fan Compton út 1938. Dat oargel hat net lang bestien en waard al yn 1951 ferfongen troch in twamanualich piipoargel fan Jardine út 1951, wêrby't in diel fan it piipwurk fan it Compton-ynstrumint op 'e nij brûkt waard.

Yn 2002 boude Makin Organs foar de tsjerke in nij fjouwermanualich oargel. De spyltafel waard levere troch it oargelbedriuw Johannus út Ede. Alhoewol't digitale oargels gjin wenst binne yn katedralen, hat it hjoeddeiske ynstrumint in mearsidige registerlist en wurdt it as in ferbettering beskôge mei lûdsprekkers yn 'e sintrale krusing, boppe de yngong en ûnder de ramen fan 'e ljochtbeuk boppe it skip om sa de koar- en gemeentesang te begelieden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Salford Cathedral