Katedraal fan Westminster

De Katedraal fan Westminster (Ingelsk: Westminster Cathedral - offisjeel: Roman Catholic Metropolitan Cathedral Dedicated To The Most Precious Blood Of Our Lord Jesus Christ) is de katedraal fan de katolike tsjerkeprovinsje Westminster en de sit fan it aartsbisdom Westminster. De katedraal is it grutste katolike tsjerkegebou fan Ingelân en Wales.
Ein 19e iuw wie de emansipaasje fan de Katolike Tsjerke yn Ingelân en Wales dien. It plan foar de bou fan de katedraal waard makke ta oantins fan aartsbiskop Nicholas Wiseman (aartsbiskop fan Westminster fan 1850 oant 1865). Mei de bou fan de katedraal - in ûntwerp fan John Francis Bentley- waard nei twa mislearre pogings yn 1867 (ûnder arsjitekt Henry Clutton) en 1892 (arsjitekt Baron von Herstel), út ein set yn 1895 en yn 1903 wie it gebou klear. De tsjerke is yn Pseudo-Bysantynske styl oplutsen, mei fjouwer efter elkoar pleatste koepels boppe de middenbeuk en in frijsteande klokketoer. Yn it ynterieur rinne fral de mozaïken yn it each, dy't lykwols noch altyd net foltôge binne om reden fan finânsjen; it lêste jildt ek foar de moarmeren beklaaing fan de muorren.
Yn de katedraal binne in tal aartsbiskoppen fan Westminster beïerdige, ûnder oaren John Carmel Heenan en Basil Hume.
-
Skip. It moarmer soe neffens it oarspronklik ûntwerp de hiele muorre en it ferwulft beklaaie moatte
-
Detail plafond
-
Lady Chapel