Katedraal fan Northampton

Ut Wikipedy
Katedraal fan Northhampton

De Katedraal fan Northampton (Ingelsk: Cathedral Church of Our Lady Immaculate and St Thomas of Canterbury) is de roomsk-katolike biskopstsjerke fan it bisdom Northampton yn de ingelske stêd Northampton. It gebiet fan it bisdom omklammet de greefskippen Northamptonshire, Bedfordshire, Buckinghamshire en it noardlik fan de Teems lizzende part fan Berkshire. De katedraal leit yn it noardlike diel fan de stêd oan de Barrack Road.

De neogoatyske basilyk waard yn de hjoeddeiske foarm yn trije boufazes foltôge: 1844, 1863-1864 en 1948–1955.

Skiednis en arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal waard boud op grûn fan it eardere midsiuwske kleaster St. Andrew’s, dêr't fierder gjin resten fan bewarre bleaunen. It katolike libben begûn nei de reformaasje pas wer yn de jierren 1820 te bloeien. Yn 1825 waard op it plak earst in oan Andreas wijde kapel boud. Doe't de kapel tanksij Ierske migranten te lyts waard, bouden se westlik fan de kapel nei in ûntwerp fan Augustus Welby Northmore Pugin in nije kollegiale kapel, dy't wijd waard oan de hillige Féliks.

Yn 1850 waard Northampton de sit fan de biskop en al rillegau waard no ek de Felikskapel te lyts. Edward Welby Pugin liet de kapel no oant 1864 ta in trijeskepige basilyk ferbouwe. In toer, dy't wol foarsjoen wie, waard net realisearre. Op 'e nij waard it patrosinium fan de tsjerke wizige: it godshûs waard no wijd oan de ûnbeflekte ûntfinzenis fan Marije en de hillige Tomas fan Canterbury.

Nei de Twadde Wrâldkriich krige de katedraal in nije oriïntaasje: de westlike apsis waard feroare yn de tagong en krige in kreake en yn it easten waard in diel fan de Andreaskapel út 1825 ôfbrutsen, sa't de tsjerke dêr útwreide wurde koe mei in dwersskip, in fieringstoer en in nij koer mei in flakke ôfsluting yn Tudorstyl. It part fan de kapel dat net ôfbrutsen waard is tsjintwurdich de sakristy. Ek it alter fan de kapel bleau bewarre en stietno yn de sakristy.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bylden en brânskildere ramen yn it skip fan de katedraal datearje út de neogoatyske tiid. De ynrjochting fan de katedraal yn it eastlike diel stamt út de twadde helte fan de 20e iuw.

Oargels en tsjerkemuzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal hat twa oargels. It haadoargel is in digitaal instrumint mei 60 registers op trije manualen en pedaal. It Viscount-oargel waard yn 2008 op de westlike galerij boud.

Ut 1976 stamt it oargel fan de oargelbouwer Hendrik ten Bruggencate op de galerij yn it noardlike dwersskip. Dit lytse oargel hat 10 registers ferdield oer twa manualen en pedaal. De trakturen binne meganysk.

Oan de katedraal is in koar ferbûn, dat sneins tidens de mis en oare tsjinsten sjongt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.