Katedraal fan Laon
| Us-Leaffrou fan Laon Notre-Dame de Laon | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| departemint | ||
| plak | Laon | |
| adres | Rue du Cloître | |
| koördinaten | 49°33'N 3°37'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Soissons | |
| patroanhillige | Marije | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1155-1235 | |
| boustyl | Gotyk | |
| hichte | 60,5 meter (toer súdlike dwersskip) | |
| monumintale status | histoarysk monumint | |
| Webside | ||
| Side parochy | ||
| Kaart | ||
De Katedraal fan Laon of de Us-Leaffrouwekatedraal (Frânsk Cathédrale Notre-Dame de Laon) yn 'e Frânske stêd is in iergoatysk tsjerkegebou yn it departemint Aisne. De tusken 1155 oant 1235 boude katedraal stiet op 'e "Montagne de Laon" yn 'e boppestêd fan Laon en is om fierrens te sjen.
De bou fan it nije krúsribferwulft yn it koer fan 'e Dyonisiuskatedraal yn Parys hie sa'n grutte ynfoed, dat de Noard-Frânske biskoppen harren tsjerken tenei yn dy styl bouwe lieten. Yn in pear jier tiid waard útein set mei de bou fan 'e nije katedralen fan Sens (1140), Senlis (1151) en Noyon (1157). Ek de katedraal fan Laon heart by dy iere faze fan 'e gotyk. De tsjerke wie katedraal fan it bisdom Laon, dat yn 1802 opheft waard.
Skiednis en beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De katedraal stiet op it plak dêr't noch âldere tsjerken stien ha. It bisdom Laon waard yn 'e 6e iuw troch Sint-Remigius stifte as ôfsplitsing fan it bisdom Reims. Fan 'e earste katedraal, dy't dêr nei alle gedachten ek stien hat, is neat bekend. Tsjin 'e ein fan 'e 8e iuw waard dy earste oan 'e Hillige Ferlosser en Marije wijde katedraal op 'e nij boud. Dy karolingyske katedraal waard op 6 septimber 800 yn oanwêzigens fan keizer Karel de Grutte ynwijd. Healwei de 11e iuw waard útein set mei de bou fan in nije katedraal, dy't tagelyk mei de twadde kroaning fan kening Filips I yn 'e katedraal op 25 desimber 1071 ynwijd waard. De romaanske katedraal baarnde by in opskuor op tongersdei 25 april nei Peaske yn it jier 1112 ôf, mar ûnder biskop Barthélemy de Jur fûn werbou plak.
It hjoeddeiske gebou waard tusken 1155 en 1235 boud yn in tiid dat Laon mei 15.000 ynwenners ien fan 'e grutste stêden fan Frankryk wie. De bou begûn mei it koer en it grutte dwersskip foar it grutte tal pylgers dat in besite brocht oan 'e reliken fan Sint-Beatus.
Yn 'e 14e iuw waarden tusken de bearen 27 kapellen oanboud, dy't yn 'e 16e en 17e iuw troch muorren fan inoar skaat waarden. Yn dy tiid feroare ek de gevel fan 'e súdlike dwerskipsearm mei de bou fan twa portalen mei frontalen en in heech finster. Yn 1772 folge foar de gruttere prosesjebaldakinen de ferheging fan it middenportaal.
De katedraal besiet oarspronklik sân tuorren. Ien fan dy tuorren gyng yn 'e 18e iuw troch in bliksemynslach ferlern; in oare toer waard mei in diel fan 'e portaalbylden yn 'e Frânske Revolúsje ferneatige. Sadwaande besit de katedraal tsjintwurdich noch fiif tuorren: de twa geveltuorren, by eltse sydgevel ien toer en ien op 'e krusing fan 'e tsjerke. De 'Tour de l'Horloge' is mei 60,5 meter hichte de heechste toer. Troch it grutte tal tuorren stiet de katedraal noch yn 'e romaanske tradysje. It bisdom waard nei 1300 jier ek yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje opheft. Sûnt is de tsjerke formeel gjin katedraal mear.
Yn 1853 waard ûnder lieding fan 'e arsjitekt Émile Boeswillwald útein set mei in grutte restauraasje. Troch in ûntploffing duorre dy restauraasje folle langer. Laon waard op 9 septimber 1870 troffen troch in slimme eksploazje wêrby't 500 minsken ferstoaren. Ek de katedraal rekke skeind; de brânskildere ramen waarden ferneatige. Fan 'e eastlike ramen waarden dielen wer by inoar socht, mar it noardlike roasfinster ferlear de helte fan al it glês. Fan 'e kapellen waard gjin glês werom fûn en it wurk oan 'e restauraasje soe noch oant 1914 duorje.


Hiel bysûnder binne de bylden fan 'e 16 oksen op 'e heechste ferdjipping fan 'e tuorren. Oer de fraach wat dy oksen dêr te betsjutten hawwe, wurdt ferskillend tocht. De wenstige ferklearring is dat de wurklju mei de bylden de help fan 'e oksen by de bou betinke woene. It wiene nammentlik oksen dy't de stiennen foar de katedraal fan 'e stiengroeven, fral út it 15 kilometer fierderop lizzende Chermizy, nei de bouwerf op 'e berch fan Laon tôgen. Neffens in leginde naam in mirakuleus ferskynde okse it wurk fan 'e oksen oer, doe't dy troch wurgens op in stuit hielendal ynein wiene. Dêrnjonken falle ek de wetterspijers fan in noashoarn en in nylhoars oan wjerskanten fan it westlike middenportaal op. Om't dy bisten by de bou eins net bekend wiene, wurdt der tocht dat it lettere tafoegings binne. It middenportaal is wijd oan 'e kroaning fan Marije, de twa oare portalen oan it Jongste Gerjocht en de Berte fan Kristus.
Yn 'e Earste Wrâldkriich besette it Dútske leger de stêd fan 2 septimber 1914 oant 13 oktober 1918. De katedraal lei gelokkich bûten it gefechtsgebiet en bleau foar fernielings sparre. Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie Laon slim te lijen fan Britske loftoanfallen yn april 1944, mar ek doe bleau de katedraal frij fan fernielings. De Dútsers hiene by de katedraal eksplosiven oanlein, mar troch bemiddeling fan Robert Lavarte, de fikaris fan 'e parochy fan 'e Leodegarius-parochy (paroisse Saint-Léger), liet de Dútske kommandant de eksplosiven ferwiderje, sadat de katedraal ek de Twadde Wrâldkriich sûnder skea oerlibbe.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skip is alve traveeën lang en hat ferwulften fan 26 meter heech. Lykas by in soad Ingelske katedralen hat de katedraal fan Laon in flakke apsis. Ynearsten hie it ûndjippe koer mar trije traveeën, mar dat waard al gau te lyts fûn en it beslút waard nommen om it oant tsien traveeën langer te meitsjen, sadat it transept de katedraal hast yn 'e midden trochsnijt. De eastlike muorre wurdt trochbrutsen fan in roasfinster en trije hege ramen.
Oer de krusing fan 'e tsjerke is in lantearne boud. Dêr is it ferwulft 30 meter heech (de krusingstoer is 48 meter heech)

It fergulde koerstek stamt út 'e earste helte fan 'e 18e iuw en waard yn 1807 nei it opheffen fan it Selestynske kleaster fan Villeneuve-Saint-Germain nei in restauraasje yn 'e tsjerke set.
De katedraal hat meiïnoar 28 kapellen. De meast bekende is dy fan it Hillich Sakramint tichteby it súdlike transept. It alter fan it diel foar it noardlike transept oer leit, hat in hillich 13e-iuwsk houten ikoan, dat skonken is troch paus Urbanus IV. Yn 'e Nikasius-kapel (Chapelle Saint-Nicaise) wurdt de katedraalskat bewarre, dy't bestiet út relykhâlders, liturgysk reau, prosesjefindels en kazufels. Yn in oare kapel is ien fan 'e grêven it grêf fan biskop Barthélemy de Jur (1080-1158). De biskop wurdt yn syn hiele hear en fear op de sark ôfbylde.
It doopfont datearret út 'e 12e iuw.
Oarspronklik wie de katedraal folle kleurriker. De muorren wiene foar in part mei fresko's beskildere en ek it byldhouwurk wie tige kleurryk. Op guon plakken yn 'e katedraal binne noch resten fan dy kleuren te sjen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1899 troch de oargelbouwer Henri Didier út Épinal boud. De oargelkas is lykwols âlder en datearret fan it earste oargel, dat om 1700 hinne boud waard. It ynstrumint hat 54 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.
Kleastergong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e súdlike kant fan it tsjerkeskip grinzget de kleastergong, dy't yn 'e 13e iuw boud waard. It lykstrekige diel fan 'e kleastergong mei de katedraal is sân traveeën lang. Tusken de gong en de katedraal hat de kleastergong op alletwa einen mar ien travee.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oargel Portalen Eastlike brânskildere ramen Koerstek Romaansk doopfont Skilderij Marije Himelfeart (1699)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|
