Katedraal fan Gloucester
Katedraal fan Gloucester
Cathedral Church of St Peter and the Holy and Indivisible Trinity | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | Gloucestershire | |
plak | Gloucester | |
koördinaten | 51° 52' N 2° 14' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
bisdom | Gloucester | |
patroanhillige | Petrus Trije-ienheid | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1089–1499 | |
boustyl | Romaanske en goatyske arsjitektuer | |
hichte | 68,6 meter | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Webside | ||
www.gloucestercathedral.org.uk | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan Gloucester (Ingelsk: Gloucester Cathedral), formeel de Katedrale Tsjerke fan Sint-Petrus en de Hillige en Undielbere Trije-ienheid (Cathedral Church of St Peter and the Holy and Indivisible Trinity), yn 'e Ingelske stêd Gloucester is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Gloucester. De oarsprong fan 'e katedraal giet werom op de stifting yn 678 of 679 fan in oan de apostel Petrus wijde abdij, dy't troch kening Hindrik VIII opheft waard.
De fûneminten fan 'e hjoeddeiske tsjerke waarden troch abt Serlo (1072–1104) lein. Oant 1541 lei Golucester yn it bisdom Worcester. Doe waard it bisdom Gloucester stifte mei John Wakeman as de earste biskop. It bisdom beslacht in grutste diel fan Gloucestershire mei lytse dielen fan Herefordshire en Wiltshire.
De katedraal hat in glês-yn-leadraam mei it ierste ôfbyld fan golf. It raam datearret út 1350, mear as 300 jier âlder as it âldste ôfbyld fan golf út Skotlân. Der is ek houten fykwurk oan 'e koerbanken fan minsken, dy't in balspul spylje, wêrfan't guon tinke dat it ien fan 'e ierste foarstellings fan it midsiuwske fuotbal is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De as abdijtsjerke boude katedraal bestiet út in Normandyske kearn mei tafoegings yn alle stilen fan 'e goatyske boukeunst. De katedraal is 130 meter lang, 44 meter breed en hat in sintrale toer dy't 69 meter heech is. Normandysk binne it skip (mei in ier-goatysk dak), de krypte ûnder it koer, de sydskippen, kapellen en it kapittelhûs.
It súdlike portaal mei it waaierferwulft is lykas it noardlike dwersskip yn 'e perpendicular gotyk. It súdlike dwersskip giet oer nei de saneamde decorated styl. It koer mei in tige ryk ferwulft hat oer it Normandyske muorrewurk perpendicular maaswurk en oan beide kanten in apsidale kapel. It ferwulft fan it koer is tige ryk. Tusken de apsiskapellen leit yn eastlike rjochting de Marijekapel (Lady Chapel). It let-goatyske eastlike raam fan de Marijekapel is noch foar in part folle mei midsiuwsk brânskildere glês. Noardlik fan it skip is de kleastergong mei in troch Thomas fan Canterbury ûntwurpen waaierferfult út 1351-1377, dat ta it âldste waaierferwulft fan Ingelân heart. De tweintich nissen yn 'e muorren fan de kleastergong tsjinnen foar de muontsen om dêr te wurkjen.
Tusken 1873 en 1890 en yn 1897 ûndergyng de katedraal in grutte restauraasje ûnder lieding fan George Gilbert Scott.
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It monumint dat it neamen it meast wurdich is, is de skryn fan Edward II, dy't fermoarde waard by it Berkeley Castle. Yn in sydkapel stiet in monumint foar Robert Curthose, de âldste soan fan Willem de Oermasterer, dy't in soad foar de abdij betsjutten hat en dêr begroeven waard. Ek de monuminten foar biskop William Warburton en de fysikus Edward Jenner binne it besjen tige wurdich.
Miserikordes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal hat 46 14e-iuwske miserikordes en tolve 19e-iuwske ferfangings fan George Gilbert Scott. Beide groepen hawwe in grut ferskaat oan ûnderwerpen besteande út mytology, deistige saken, religieus symbolisme en folkloare.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard oarspronlik yn 1666 troch Thomas Harris boud en hat it iennige 17e-iuwske oargelfront fan it lân. In soad ferneamde oargelbouwers fan it Feriene Keninkryk fergrutten en feroaren it ynstrumint, ynklusyf Henry Willis, dy't yn 1847 oan it oargel wurke en it yn de jierren 1888-1889 wer opboude. Yn 1920 waard it oargel nochris op 'e nij boud troch Harrison & Harrison.
Yn 1971 waard it oargel troch Hill, Norman en Beard op 'e nij ûntwurpen en yn 1999 waard it troch Nicholson & Co revisearre en renovearre. Yn 2010 foege Nicholson ek in Trompette Harmonique ta.
It oargel hat 61 registers op fjouwer manualen en pedaal; de traktueren binne elektropneumatysk.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte klok fan de katedraal, de Great Peter, is de iennige midsiuwske bourdonklok fan Ingelân. De 3 ton swiere klok datearret út it midden fan de 14e iuw, hat in ynskripsje mei de Latynske wurden Me fecit fieri conventus Nomine Petri en is fersierd mei skylden fan 'e wapens fan 'e abdij. Foar it lieden fan de klok wiene eartiids sân manlju nedich.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal waard brûkt as lokaasje foar de opnames fan 'e earste, twadde en sechde film fan 'e Harry Potter-rige.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ynterieur
-
Koer mei oargel
-
Tombe fan Edward II
-
Monumint foar Robert Curthose
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Gloucester Cathedral
|