Kastiel Walburg (Sint-Niklaas)

Ut Wikipedy
Kastiel Walburg
  kastiel
Lokaasje
lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje East-Flaanderen
plak Sint-Niklaas
koördinaten 51° 09' N 4° 08' E
Skiednis
boujier 16e iuw
Oars
monumintale status beskerme monumint
Kaart
Kastiel Walburg (Sint-Niklaas)
Kastiel Walburg
lokaasje yn Sint-Niklaas

Kastiel Walburg is in wetterkastiel yn de East-Flaamske stêd Sint-Niklaas.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1550 krige ridder Willem fan Waelwijck fan keizer Karel V tastimming om de hearlikheden fan Van der Moeren en Willemaers gear te foegjen yn ien lien, it Hôf fan Walburg. De hearlikheid fan Van der Moeren hie al in omwâle hûs en Van Waelwijck liet dat ôfbrekke en ferfange troch it hjoeddeiske.

Yn 1553 waard de bou fan it wetterslot foltôge en Van Waelwijck ferneamde syn kastiel nei syn frou Walburgis. It eardere domein bestie út in hôf, in tún en twa reden.

Yn de 19e iuw kaam it kastiel yn it besit fan de famylje Van Naemen, dy't it ferboude. It park waard op 'e nij as in Ingelske tún oanlein.

It part waard yn 1949 troch de gemeente ûnteigene en datselde jier waard it kastiel oankocht troch de gemeente, dy't it yn 1952 iepene foar it publyk.

Nei it ferstjerren fan boargemaster Romain De Vidts waard it park omdoopt ta Romain De Vidtspark.

It kastiel en it park waarden yn 1975 as beskerme monuminten ynskreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Kasteel Walburg (Sint-Niklaas)