Springe nei ynhâld

Karmelitetsjerke (Famagusta)

Ut Wikipedy
Karmelitetsjerke
Lokaasje
lân de jure Syprus
de fakto: Noard-Syprus
distrikt de jure: Famagusta
de facto Gazimağusa
plak Famagusta
adres Server Somuncuoglu Sk
koördinaten 35° 07 N, 33° 56 'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Us Leaffrou fan 'e Karmel
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
boustyl gotyk
Kaart
Karmelitetsjerke (Syprus)
Karmelitetsjerke

De Karmelitetsjerke is de ruïne fan 'e kleastertsjerke fan 'e Karmeliten yn 'e Syprioatyske stêd Famagusta. De tsjerke wie oan Us-Leaffrou op 'e Berch Karmel wijd. Krekt noardlik fan 'e Karmelitetsjerke stiet de Armeenske tsjerke.

Mei't de moslims yn 'e 13e iuw stadichoan it Hillige Lân oermasteren flechten in soad kristenen nei Syprus. Hja sochten gjin oansluting by de besteande katolike en otterdokse tsjerken, mar krigen yn Famagusta in eigen gebiet. Dêr binne ek de tsjerken fan 'e Nestorianen, de Jakobiten, de Armeenjers en de Karmeliten, dy't nei alle gedachten oan it begjin fan 'e 14e iuw nei Syprus kamen. De oarder fan 'e Karmeliten ûntstie yn it Karmelberchtme yn it doetiidske Syrje en dêrfandinne waard de wyk it Syryske distrikt neamd.

Plattegrûn.

De Us-Leaffrou fan 'e Karmel waard yn 'e 14e iuw boud as in kleastertsjerke. Eartiids wie it in wichtige tsjerke dêr't it grêf fan 'e yn 1366 ferstoarne Petrus Tomas wie, dy't de paus fertsjintwurdige en de titulêr Latynske patriarch fan Konstantinopel wie. Hy wie yn 'e jierren 1360 troch de paus nei Syprus stjoerd om te wurkjen oan 'e ienheid fan 'e Tsjerke, it fjoer foar de krústtochten oan te fjurjen en ketterij te bestriden, mar syn tiid op Syprus waard tekene troch syn botsings mei de Gryksk-otterdokse mienskip.

Sûnt de bombardeminten op 'e stêd by it belis fan Famagusta troch de Ottomanen yn 1571 is de tsjerke in ruïne.

De tsjerke is ienskippich en hat fjouwer traveeën en in trijesidich koer. Yn it twadde travee wiene twa lytse kapellen tafoege. De tsjerke hie in stiennen ribferwulft. It koerferwulft is noch oanwêzich, wylst de ferwulften fan it skip en de kapellen ynstoart binne. It dekorative maaswurk dat noch lang yn it westike raam bleau, is yn 'e lêste twa dessinia folslein ferlern gien. Oarspronklik wiene de muorren mei fresko's beskildere en op guon plakken binne der noch krekt fragminten te sjen. Oan 'e súdlike muorre is noch in ferware foarstelling fan Sint-Joaris mei de draak te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: