Armeenske Tsjerke (Famagusta)
Armeenske Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | de jure Syprus de fakto: Noard-Syprus | |
distrikt | de jure: Famagusta de facto Gazimağusa | |
plak | Famagusta | |
adres | Server Somuncuoglu Sk | |
koördinaten | 35° 07 N, 33° 56 'E | |
Kaart | ||
De Armeenske Tsjerke is in tsjerke Syprioatyske stêd Famagusta. De tsjerke stiet yn 'e noardwestlike hoeke fan it histoaryske sintrum tichteby it Martinengo bastion.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noch foardat de Frânske Lusignans nei Syprus kamen, setten Armeenjers fan 'e súdlike kust fan Turkije harren nei wenjen yn Famagusta. Hja wennen dêr yn 'e Syryske wyk, dy't sa neamd waard om't dêr Karmeliten út Syrje harren kleaster hiene.
Nei alle gedachten waard de tsjerke yn 'e 14e iuw boud troch Armeenske flechtlingen.
Sûnt de Ottomaanske oermastering fan Famagusta waard de tsjerke net mear brûkt. Yn 1936 mocht de Armeenske mienskip de tsjerke foar 99 jier lease. Der binne doe renovaasjes útfierd en op 14 jannewaris 1945 waard der foar it earst wer in Armeenske tsjinst fierd. Yn maart 1957 waard de tsjerke troch Turksk-Syprioaten yn 'e brân stutsen en nei in nije renovaasje waard de tsjerke oant 1962 brûkt. Doe brieken grutte spanningen tusken de mienskippen út en namen Turksk-Syprioaten it gebou oer. Sûnt augustus 1974 kaam de tsjerke mei noch in pear oare tsjerken op 'e grûn fan in Turksk militêr terrein te lizzen. Sûnt 2005 is de tsjerke wer tagongklik.[1][2]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienskippige en krúsfoarmige tsjerkje is lyts. De apsis is healrûn en wurdt fan in heale koepel oerdutsen. In noardeastlike kapel is net bewarre bleaun.
Bûten binne yn 'e muorren ferskillende krusen fike. Se binne nochal lyts (likernôch 15 sm), dus der sil om socht wurde moatte. By de súdlike tagong binne resten fan in midsiuwske sinnewizer te sjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|