Springe nei ynhâld

Kanadeeske kraanfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kanadeeske Kraan)
Kanadeeske kraanfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famylje kraanfûgels (Gruidae)
skaai saruskraanfûgels (Antigone)
soarte
Antigone canadensis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De Kanadeeske kraanfûgel of Kanadeeske kraan (Antigone canadensis) is in soarte út de famylje fan de kraanfûgels yn Noard-Amearika.

De Kanadeeske kraanfûgel is tusken de 80 en 120 sm grut en waget tusken de 3 en 6,5 kg. De fûgels hawwe griisbrune fearren en de folwoeksen fûgels hawwe wite wangen, in lange skerpe snaffel en op de foarholle in reade flek.

Yn it grutte ferspriedingsgebiet wurde seis ûndersoarten underskieden, dy't foaral yn grutte ferskille. Trije fan dizze soarten binne trekfûgels.

  • lytse Kanadeeske kraanfûgel (Grus canadensis canadensis)
  • gewoane Kanadeeske kraanfûgel (Grus canadensis rowani)
  • grutte Kanadeeske kraanfûgel (Grus canadensis tabida)
  • Floaridakraanfûgel (Grus canadensis pratensis)
  • Mississippykraanfûgel (Grus canadensis pulla)
  • Kubaanske kraanfûgel (Grus canadensis nesiotes)

De briedgebieten fan de Kanadeeske kraanfûgels lizze yn de sompegebieten yn sintraal en noardlik Kanada, yn Alaska en yn parten fan it midwesten en súdeasten fan de Feriene Steaten. Fierder ek noch yn Sibearje.

In jonge Kanadeeske kraanfûgel.

De lytse Kanadeeske kraanfûgel briedt yn it arktysk gebiet fan Noard-Kanada, Alaska en it noardeasten fan Sibearje. Hy oerwinteret yn it súdwesten fan de Feriene Steaten en noard-Meksiko. De fûgels dy't yn Sibearje libje, moatte derby in ôfstân fan mear as 8.000 kilometer oerwinne. Yn de famylje fan de kraanfûgels is dit de soarte mei de grutste ôfstân tusken bried- en oerwinteringsgebiet.

De oerwinteringsgebieten fan de grutte Kanadeeske kraanfûgel en de gewoane Kanadeeske kraanfûgel lizze yn Kalifornje, Nij-Meksiko, Meksiko en Teksas. De rivier de Platte yn Nebraska is ien fan de bekendste tuskenstops op harren trek. Dêr sammelje harren yn it foarjier en yn de hjerst sa'n 450.000 Kanadeeske kranen.

Wylst de lytse en de gewoane Kanadeeske kraanfûgels net bedrige binne, is it tal Mississipykraanf6ugels troch de fersmoarging fan de rivier de Mississippy hurd tebekrûn. Fan dy ûndersoarte binne der noch mar 120 oant 300 fûgels.

De Kanadeeske kraanfûgels dy't yn sompige gebieten briede meitsje harren nêsten yn de begroeiïng oan de wetterkant. De fûgels dy't op de prêrje briede meitsje eins gjin nêst mar lizze de aaien sa op de grûn. Meast wurde der twa aaien lein dy't yn 29-32 dagen útbret wurde. Beide âlden fuorje de jongen dy't nei sa'n 67-75 dagen fleane kinne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]