Kalymnos
Kalymnos Κάλυμνος | ||
geografy | ||
lokaasje | Egeyske See | |
ûnderdiel fan | Dodekanesos | |
lân | Grikelân | |
algemien | ||
haadstêd | Potia | |
ynwennertal | 17.752 (2021) | |
sifers | ||
oerflak | 111,14 km² | |
heechste punt | 760 m | |
webside | ||
www.kalymnos.gov.gr | ||
kaart | ||
Kalymnos (Gryksk: Κάλυμνος) is ien fan 'e Dodekanesos-eilânnen en in gemeente (dimos) yn 'e Egeyske See, Grikelân. It eilân leit noardwest fan Kos súdeast fan Leros en op likernôch tweintich kilometer fan 'e Turkske kust.
Wat oerflak oanbelanget is Kalymnos it fjirde eilân fan 'e Dodekanesos. Haadstêd is Potia, dêr't sa'n 11.000 minsken wenje. De stêd is as in amfyteater tsjin in heuvel oanboud. De haven fan Potia is ien fan 'e wichtichste fan Grikelân.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lânskip is rotseftich en frij keal mei dêrtusken twa fruchtbere dellingen, wêrfan't de delling fan Vaty ferneamd is. Dêr groeie mandarijne- en sitrusbeammen. Oeral is fierder oregano en tym oan te treffen, dus der binne in soad bijekuorren op 'e berchhellingen. De Kalymnos-hunning is oeral te keap.
Kalymnos is ryk oan grotten, wêrûnder de Grot fan Kefalas en de Grot fan 'e Sân Jongfammen. Neffens in leginde soene nimfen harren dêr foar piraten ferside hâlde en ferdwûnen se yn in kanaal sûnder boaiem. Guon grotten binne frij tagonklik; meastentiids is foar in besite oan in grot in goede tarieding nedich. De Kefalas-grotten lizze op it suden fan it eilân en kinne mei de boat besocht wurde, mar se kinne middeis om feiligensredenen sletten wurde. De Daskalio-grotten lizze oan 'e eastkant fan it eilân by Rina, dêr't mei in boat de grotten besocht wurde kinne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynwenners fan 'e Dodekanesos wiene de earste Griken dy't harren ta it kristendom bekearden, nei't Paulus en Jehannes de regio besochten en dêr it evangeelje ferkundigen. Yn 'e iere Byzantynske tiid bloeide Kalymnos en der ûnstiene oer it hiele eilân in soad delsettingen. Tsjin de 7e iuw rekke de wolstân fan it eilân yn it neigean mei't Arabieren de kriten ûnfeilich makken. Yn 'e 10e iuw ferneatigen Turken Kalymnos.[1] Sûnt de 14e iuw namen de ridders fan Sint-Jan de Dodekanesos Kalymnos yn besit. Hja bouden it Johanniterkastiel om it eilân te beskermjen tsjin de Turken. Yn 1523 folge it Turkske bewâld en yn 1912 ferfongen de Italjanen de Turken. Doe't de Italjanen harren oerjoegen, fochten Dútsers en Britten om de Dodekanesos. Dy striid besoarge it eilân in soad skea en de befolking in soad lijen. Mei de rest fan 'e Dodekanesos waard Kalymnos yn 1948 by Grikelân foege.[2]
Sûnt de âldheid is Kalymnos in sintrum foar de spûnsfiskerij. Eartiids wie it in nuodlik berop en lieten fiskers harren mei stiennen nei de boaiem sinke. In soad fiskers ferdronken dan ek by it fiskjen. By Kalymnos wurde ek hjoed-de-dei noch spûnzen fiske en der binne in pear lytse fabrykjes. In pear hûnder meter fan 'e haven stiet in fabryk dy't troch toeristen besocht wurde kin.
Toerisme en it besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populêrste strannen binne Myrties en Masouri en lizze yn it west fan it eilân. Oan 'e súdkust binne twa strannen by it doarp Vlyhadia, likernôch 15 minuten riden fan 'e haadstêd. Dêr leit in sânstrân en in grintstrân. It seewetter ferskilt fan 23 graden yn maaie oant 27 graden ein augustus.
Tsjerken en kleasters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Transfiguraasje- of Ferlosserkatedraal (Potia)
- Agios Savvas-kleaster (Potia)
- Panagia Kecharitomeni (Chora)
- Panagia Kyra Psilitsjerke (Vaty)
- Panagiatsjerke fan Kasteli
- Hillich Krúskleaster (Kantouni)
Kastielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Chryssocheria-kastiel waard troch de Johanitters boud om it eilân better te beskermjen tsjin de Turken. It stiet by lokale bewenners bekend as Pera Kastro, dat "it kastiel oan 'e oare kant" betsjut (fanút it perspektyf fan it kastiel fan Chora).
- Foar it Chryssocheria-kastiel oer leit op in hichte fan 255 m it Chora-kastiel, it midsiuwske kastiel fan Chora, dat oant de 19e iuw de haadstêd fan it eilân wie. It kastiel waard boud om 't yn 'e 11e iuw de bewenners jimmeroan lêst hiene fan Turkske ynfallen. De Ridders fan Sint-Jan renovearren it kastiel yn 1490 nei't it troch ierdskodding swier troffen waard.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Argeologysk Museum Kalymnos.
- Maritym Museum Kalymnos.
- Valsamidis Museum (museum oer fynsten en it seelibben).
- Folkloremuseum (in tradisjoneel hûs fan Kalymnos).
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Hillichdom fan Apollo west fan Chora oan 'e wei nei Panormos is in restant fan in grutter kompleks fan religieuze gebouwen út in tiid dat it plak it politike en religieuze sintrum wie. Yn 'e ierkristlike tiid binne de gebouwen ôfbrutsen en op 'e resten binne doe twa foar in diel noch besteande tsjerken boud, de Agia Sofia en de Kristustsjerke (5e-6e iuw).
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân biedt in soad foar leafhawwers fan kuierjen, klimsporten, fiskjen, dûken, wynsurfen of it hieren fan in jacht. Fral yn 'e minder drokke moannen wurdt it eilân besocht troch sportive toeristen (febrewaris, maart, oktober en novimber). Fanwegen de waarmte is de maitiid of de hjerst de bêste tiid. Foar klimsporters binne in soad startpunten en de klimrûtes ha in grutte fariëteit yn dregens.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kalymnos wie oant de 21e iuw allinne mei de boat te berikken en dêrmei koe it eilân syn eigen karakter behâlde. Sûnt 2006 hat ek Kalymnos in eigen fleanfjild mei in ferbining mei Atene. Fierder fart alle dagen in fear fan Pireaus, de haven fan Atene, nei it eilân. De reis duorret 14 oeren en de auto kin mei oan board. Ek mei guon eilannen yn 'e omkriten hat Kalymnos fearferbinings.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dodekanesos | ||
---|---|---|
Agathonisi • Alimnia • Arkoi • Armatia • Astakida • Astypalaia • Chalki • Chamili • Farmakonisi • Gaidaros • Gyali • Kalolimnos • Kalymnos • Kandelioussa • Karpatos • Kasos • Kastellorizo • Kinaros • Kos • Leros • Lebintos • Lipsi • Marati • Nimos • Nisyros • Pacheia • Patmos • Plati, Pserimos • Rho • Rodos • Simi • Strongyli • Syrna • Telendos • Tilos • Zafora | ||
· · |