Springe nei ynhâld

Lipsi

Ut Wikipedy
Lipsi
Λειψοί
geografy
lokaasje Egeyske See
ûnderdiel fan Dodekanesos
lân flagge fan Grikelân Grikelân
koördinaten 37° 18' N 26° 45' E
algemien
haadstêd Lipsi
ynwennertal 778 (2021)
sifers
oerflak 49,1 km²
heechste punt 277 m
webside
www.lipsi.gov.gr
kaart
Lipsi (Grikelân)
Lipsi

Lipsi (Gryksk: Λειψοί) is in lyts eilân yn 'e Grykske arsjipel fan 'e Dodekanesos. Dêrnjonken is it in gemeente (dimos) yn 'e Grykske bestjoersregio (periferia) fan 'e Súd-Egeyske See. Om it eilân lizze in grut oantal lytsere, ûnbewenne eilannen (noardlik Aspronissi, súdlik Aspronissi, Arefousa, Refoulia, Kalavres-arsjipel, Fragos, Kalapodia) mei in grutte natuerwearde en seldsume bisten (wêrûnder de Eleonorafalk en de Middellânske muontserobbe).

Wynbou.

Lipsi leit eastlik fan it eilân Patmos en hat in haven, dêr't ek de blauwe koepeltsjerke fan Agios Ioannis en it Nikiforion museum steane. It eilân is heuveleftich, benammen oan 'e westkant. Dêr leit ek it heechste punt fan it eilân: Skafi (277 m). In grut part fan it eilân wurdt brûkt foar it hoedzjen fan geitekeppels. Ek wurdt der skiep en kij hâlden. Der is noch wol wat lânbou (nôtbou), wynbou en grienteteelt.

Lipsi hat ferskate goede strannen, wêrûnder Plati Yialos, Katsadia, Chohlakoura, Kamares, Liendou en it prachtich lizzende Monodendri. Toerisme begûn let op Lipsi en is benammen sûnt de jierren 1980 groeid. Fiskerij spilet in folle minder wichtige rol yn de ekonomy as eartiids.

In grut part fan 'e befolking emigrearre healwei de tweintichste iuw nei Austraalje (Tasmaanje). Dat is ek de reden wêrom't Lipsi safolle kapellen hat. In soad migranten ferlieten Lipsi tige earm en diene it goed yn it nije heitelân. Ut tankberens bouden in soad migranten in kapel op Lipsi.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit is in oersetting fan 'e Nederlânsktalige wikipedyside, sjoch: nl:Lipsi (ferzje 27 septimber 2024).

Dodekanesos

AgathonisiAlimniaArkoiArmatiaAstakidaAstypalaiaChalkiChamiliFarmakonisiGaidarosGyaliKalolimnosKalymnosKandelioussaKarpatosKasosKastellorizoKinarosKosLerosLebintosLipsiMaratiNimosNisyrosPacheiaPatmosPlati, PserimosRhoRodosSimiStrongyliSyrnaTelendosTilosZafora
· · Berjocht bewurkje