Springe nei ynhâld

Karpatos

Ut Wikipedy
Karpatos
Κάρπαθος
Pigadia.
Pigadia.
geografy
lokaasje Egeyske See
ûnderdiel fan Dodekanesos
lân flagge fan Grikelân Grikelân
koördinaten 35° 30' N 27° 12' E
algemien
haadstêd Karpatos
ynwennertal 6.567 (2021)
sifers
oerflak 324,7 km²
heechste punt 1.215 m
webside
karpathos.gr
kaart
Karpatos (Grikelân)
Karpatos

Karpatos (Gryksk: Κάρπαθος) is in Gryksk eilân fan 'e Dodekanesos. Nei Rodos is Karpatos it grutste eilân fan dy eilannegroep.

Karpatos-stêd, dat troch de ynwenners fan it eilân Pigadia neamd wurdt, leit yn it súdeasten fan it eilân. It is it haadplak fan 'e gemeente Karpatos. Oare plakken op it eilân binne Olympos en Diafanis. It eilân hat in lofthaven. Fierder is der in fearboat, dy't twaris yn 'e wike nei Kreta en Rodos fart.

Binnenlân fan Karpatos.

It eilân is 56 km lang en 8 oant 10 km breed en bercheftich. It heechste punt is de Kali Limni mei 1215 m. It lânskip is boskeftich en de grûn is fruchtber.

Karpatos leit súdwest fan Rodos en noardeast fan it lytsere eilân Kasos, likernôch tusken Rodos en Kreta yn. It tige lytse eilantsje Saria liket noardlik oan Karpatos fêst te lizzen.

De Karpatyske See is nei it eilân ferneamd.

Om 800 f.Kr. setten Doriërs harren op it eilân nei wenjen. Yn 'e midsiuwen hearsken de Fenesianen en Johanniters oer it eilân (1306-1538) en dêrnei de Turken oant 1912. De Italjanen folgen de Turken op oant hja yn 1948 it eilân werom joegen oan Grikelân.

De haadstêd en de haven ûnstiene net earder as yn 1912 op it plak fan 'e antike stêd Poseidon.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 13 km noardwest fan Aperi leit oan it strân it 16e-iuwske Kyra Panagiakleaster; de tsjerke is ien fan 'e meast fotografearre tsjerken fan it eilân.
  • By Arkasa lizze de resten fan in akropolis en de mozaykflier fan in ierkristlike basilyk Agia Anastasia (de bêste dielen binne yn it Argeologyske Museum fan Rodos te sjen).
  • Yn Otos stiet it Stavrakis-hûs, in foarbyld fan 'e typyske arsjitektuer fan it eilân
  • Yn Olympos wurde de âlde gebrûken fan it eilân, lykas it dragen fan 'e typyske dracht, yn eare holden.
  • De haven Diafani is skildereftich en tichteby binne resten fan in timpelkompleks.
  • Pigadia: Argeologysk Museum.
  • Otos: Streekmuseum.
  • Menetes: Streekmuseum.
  • Olympos: Chatzivasilis Museum.
  • Pils: Lânboumuseum.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karpatos fan Wikimedia Commons.
Dodekanesos

AgathonisiAlimniaArkoiArmatiaAstakidaAstypalaiaChalkiChamiliFarmakonisiGaidarosGyaliKalolimnosKalymnosKandelioussaKarpatosKasosKastellorizoKinarosKosLerosLebintosLipsiMaratiNimosNisyrosPacheiaPatmosPlati, PserimosRhoRodosSimiStrongyliSyrnaTelendosTilosZafora
· · Berjocht bewurkje