Kos

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lizzing fan Kos (donkerblau)

Kos (Gryksk: Κως) is in Gryks eilân en Grykske gemeente (dimos) yn de Egeyske See en makket diel út fan de Dodekanesos (Tolfe Eilannen) dêr't it de twa nei grutste eilân fan is. It leit foar de Turkske kust op 'e hichte fan Bodrum, benoardwesten Rodos en sûdeastlik fan Samos. De haadstêd fan Kos is it lyknammige plak Kos, dy't oan de noardeastside fan it eilân leit.

It eilân is 40 km by 8 km grut en hat in oerflak fan goed 290 km². By de folkstelling fan 2011 hie it eilân 33.300 ynwenners. Toerisme is in tige wichtige boarne fan ynkomsten foar it eilân.

Kos